Leeuwarder Auto Bus Onderneming: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 23 jan 2022 om 22.25

Leeuwarder Auto Bus Onderneming N.V. (LABO) yn Ljouwert wie in partikulier bedriuw dat fan 1925 oant 1 jannewaris 1971 iepenbier ferfier mei in autobus fersoarge yn it noardwestlik part fan Fryslân.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Skiednis

Oprjochter fan it bedriuw wie H. Tolman, dy't fan 1924 ôf in stedsbustsjinst yn Ljouwert eksploitearre en fan ein 1925 ôf syn wurkterrein ferlei nei in streekbusline Ljouwert - Berltsum - Seisbierrum - Harns. Yn 'e rin fan 'e jierren wreide syn bedriuw him út troch oername fan oare busbedriuwen of harren konsesjes. Yn 1935 -1936 krige de LABO in wichtige ympuls trochdat de bussen it ferfier oernaam fan de treinen op de line Ljouwert - Stiens - Sint Anne - Sint Jabik - Tsjummearum - Harns fan de eardere Noard-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij (NFLS). Yn 1937 waard dêrnei de Bildtsche Autobus Onderneming (BABO) yn Sint-Anne ynlive. Yn de Twadde Wrâldoarloch, doe't de NTM de eksploitaasje fan de stoomtramline Ljouwert - Berltsum - Minnertsgea - Sint-Jabik beëinige, krige de LABO dat ferfierek op'e noed.

Op 1 jannewaris 1971 gie de LABO op yn de nij foarme NS-dochter Friese Autobus Maatschappij (FRAM) fia in konstruksje wêrby't earst de LAB oergie nei de LABO, dy't sels oernaam wie troch de NOF, dy't op syn beurt fusearre mei de NTM. De famylje Tolman ferliet it bedriuw, mar it personiel kaam yn tsjinst fan de nije ûndernimming. Ek de bussen waarden troch de FRAM oernaam.

Literatuer