Leeuwarder Auto Bus Onderneming: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
 
No edit summary
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Oprjochter fan it bedriuw wie H. Tolman, dy't fan 1924 ôf in stedsbustsjinst yn Ljouwert eksploitearre en fan ein 1925 ôf syn wurkterrein ferlei nei in streekbusline Ljouwert - Berltsum - Seisbierrum - Harns. Yn 'e rin fan 'e jierren wreide syn bedriuw him út troch oername fan oare busbedriuwen of harren konsesjes. Yn 1935 -1936 krige de LABO in wichtige ympuls trochdat de bussen it ferfier oernaam fan de treinen op de line Ljouwert - Stiens - Sint Anne - Sint Jabik - Tsjummearum - Harns fan de eardere [[Noard-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij]] (NFLS). Yn 1937 waard dêrnei de [[Bildtsche Autobus Onderneming]] (BABO) yn [[Sint-Anne]] ynlive. Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]], doe't de NTM de eksploitaasje fan de stoomtramline Ljouwert - Berltsum - Minnertsgea - Sint-Jabik beëinige, krige de LABO dat ferfierekferfier ek op'e noed.
 
It ferfiergebiet krige sadwaande syn úteinlike foarm yn de trijehoeke Ljouwert / Nije Biltdyk / Harns, mei in sintraal oerstappunt [[Moaie Peal]], net fier fan [[Minnertsgea]]. Op de ferbining Ljouwert - Frjentsjer - Harns ried de LABO lykwols net. Dat wie foarbehâlden oan de busline Ljouwert - Alkmaar oer de [[Ofslútdyk]] fan de NS-dochterûndernimming ATO. Dy line waard koart nei de befrijing, nettsjinsteande protest fan LAB en LABO, oerdroegen oan twa oare NS-dochters, NTM en [[NACO]].
 
Yn de jierren nei de oarloch konsolidearre him de posysje fan de LABO. De ienmanssaak waard yn 1954 omset yn in namleaze fennoatskip dêr't de famylje Tolman de oandielen fan besiet. Dit bedriuw fersoarge de linetsjinsten mei likernôch 25 autobussen en 45 personielsleden. Dêrneist wie de LABO ek aktyf as touringcarbedriuw en hie him - mei de oare Fryske ferfierders LAB, NTM, [[NOF]] en ZWH - oansletten by de reisorganisaasje Cebuto.
 
Op 1 jannewaris 1971 gie de LABO op yn de nij foarme NS-dochter [[Friese Autobus Maatschappij]] (FRAM) fia in konstruksje wêrby't earst de [[LAB]] oergie nei de LABO, dy't sels oernaam wie troch de NOF, dy't op syn beurt fusearre mei de [[NTM]]. De famylje Tolman ferliet it bedriuw, mar it personiel kaam yn tsjinst fan de nije ûndernimming. Ek de bussen waarden troch de FRAM oernaam.