Miguel Ferrer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lf
Rigel 27:
Begjin jierren njoggentich wie Ferrer te sjen yn trije populêre [[tillefyzjesearje]]s tagelyk: as [[ofsier fan Justysje]] Todd Spurrier yn ''Shannon's Deal'' ([[1989]]-[[1991]]), as de [[Cajun]]-[[plysjeman]] Beau Jack Bowman yn ''Broken Badges'' ([[1990]]-[[1991]]) en as de [[synisme|synyske]] [[rjocht|gerjochtlik ûndersiker]] foar de [[FBI]] Albert Rosenfield yn 'e kultsearje ''Twin Peaks''. Dy lêste rol spile fertolke Ferrer ek yn 'e film ''Twin Peaks: Fire Walk with Me'' ([[1992]]).
 
Yn 'e [[pilotôflevering]] foar de mislearre searje ''Justice League of America'', út [[1997]], spile er in [[supersmjunt]] dy't himsels 'de Waarman' (''the Weatherman'') neamde. Letter datselde jiers joech er syn [[stim]] oan in ferlykber [[personaazje]], de 'Waartsjoender' (''Weather Wizard''), yn 'e [[ôflevering]] ''Speed Demons'' fan 'e [[tekenfilm]]rige ''Superman: The Animated Series''. Yn [[1999]] liende er syn stim oan 'e [[superheld]] [[Aquaman (filmpersonaazje)|Aquaman]] yn 'e ôflevering ''A Fish Story'' fan deselde searje. Letter dat jiers waard er nominearre foar in [[Grammy Award]] foar it ynsprekken fan it bêste [[audioboek]] foar [[bern (persoan)|bern]], ntl. ''The Lion King II'', fan 'e [[Disney Company|Disney Studios]]. Ferrer syn bekendste stimrol hied er lykwols yn 'e Disney-film ''Mulan'', út [[1997]], wêryn't er de rol fan 'e [[Hunnen|Hunske]] lieder Shan Yu fertolke.
 
Yn 'e tillefyzjesearje ''Crossing Jordan'', dy't rûn fan [[2001]] oant [[2007]], spile Ferrer de rol fan [[dokter]] Garret Macy, in [[patolooch-anatoom]]. Yn [[2003]] makke er syn [[debút]] as [[toaniel]]akteur yn [[New York (stêd)|New York]] yn 'e [[off-Broadway]]produksje fan it [[toanielstik]] ''The Exonerated''. It jiers dêrop wied er as [[stimakteur]] belutsen by de de produksje fan it [[fideospultsje]] ''Halo 2''. Fierders died er de [[voice-over]] foar de tekenfilmsearjes ''Robot Chicken ''yn [[2006]] en ''American Dad!'' yn [[2007]].