2022: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Foarfallen: wer by de tiid
Rigel 10:
*[[10 jannewaris|10]] - Foar it earst wurdt der mei súkses in [[baarch|bargehert]] yn in [[minske]] [[orgaantransplantaazje|transplantearre]].
*10 - Yn [[Nederlân]] wurdt nei in [[kabinetsformaasje|formaasje]] fan 299 [[dagen]] (de langste ea) it [[Kabinet-Rutte IV]] ynstallearre.
*[[15 jannewaris|15]] - In [[útbarsting fan de Hunga Tonga (2022)|grutte útbarsting]] fan 'e ûnderseeske [[fulkaan]] de [[Hunga Tonga]], yn [[Tonga]], soarget foar [[tsûnamy]]warskôgings yn it hiele gebiet fan 'e [[Stille Oseaan]]. De skea falt ta, behalven yn [[Perû]], dêr't de weagen [[oaljeramp yn Perû (2022)|in oaljeramp]] feroarsaakje. De útbarsting easket yn Tonga 5 [[minske]]libbens en oerdekt it lân mei in tsjûke laach [[gif]]tige [[fulkanyske jiske]], wat foar swierrichheden op it mêd fan [[drinkwetter]]foarsjenning liedt.
*[[20 jannewaris|20]] - It [[Nederlân]]ske [[online]] [[konsuminteprogramma]] ''[[BOOS (websearje)|BOOS]]'' publisearret in [[fideo]] wêryn't ferskate meiwurkers fan 'e [[tillefyzjeprogramma|tillefyzje]][[talintejacht]]en ''[[The Voice of Holland]]'' en ''[[The Voice Kids (Nederlân)|The Voice Kids]]'', ûnder wa [[orkest]]lieder [[Jeroen Rietbergen]] en [[sjuery (kompetysje)|sjuerylid]] [[Ali B]], beskuldige wurde fan [[seksueel oer de meuch geand gedrach]], wat ta it stopsetten fan 'e programma's en in grut trelit yn 'e [[media]] liedt.
*[[21 jannewaris|21]] - By [[bombardemint op de finzenis yn Saäda|in bombardemint]] troch [[Saûdy-Araabje]] fan 'e [[Jemen]]ityske [[stêd]] [[Saäda]], yn it ramt fan 'e oangeande [[Twadde Jemenityske Boargeroarloch]], wurdt de pleatslike [[finzenis]] rekke ynstee fan posysjes fan 'e [[Hûty]]rebellen. Der komme teminsten 70 [[finzen]]n om.
*[[23 jannewaris|23]] - By [[steatsgreep yn Boerkina Faso (2022)|in steatsgreep]] yn [[Boerkina Faso]] wurdt [[presidint]] [[Roch Marc Christian Kaboré]] troch it [[kriichsmacht|leger]] ôfset.
 
== Berne ==