Van Doesburg-Rinsemahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = | ôfbylding = 20180722 026 drachten.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = | lân = | bestjoerlike ienheid 1 = Gemeente | namme bestjoerlike ienheid 1= Smellingerlân | bestjoerlike ienheid 2 = | namme bestjoerlike ienheid 2= | bestjoerlike ienheid 3 = | namme bestjoerlike ienheid 3= | plak = Drachte..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 26 jan 2022 om 18.29

It Van Doesburg-Rinsemahûs is in museumwenning oan de Torenstraat yn it Fryske plak Drachten. It is yn 1921 boud as middenstânswente en stiet op de list fan ryksmonuminten yn Drachten.

Van Doesburg-Rinsemahûs
bouwurk
lokaasje
Gemeente Smellingerlân
plak Drachten
adres Torenstraat 3
bysûnderheden
type bouwurk Middenstânswent / museumwent
boujier 1921
arsjitekt Cees Rienks de Boer
Kleure-ûntwerpen troch Theo van Doesburg
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 532515

Yn 2018 waard ien fan de huzen fan de Pappegaaiebuert as museumwenning ynrjochte en fan maart 2019 ôf iepene foar it publyk.
It pân Torenstraat 3 wie yn eigendom fan de gemeente Smellingerlân, dy't it oerdroegen hat oan de 'Stichting Van Doesburg-Rinsemahuis' foar it fêstigjen fan in museumwenning. In groep leafhawwers fan De Stijl yn Drachten hat jild ynsammele om sawol it eksterieur as it ynterieur wer yn it orizjinele kleurûntwerp fan Theo van Doesburg werom te bringen.

Yn it Van Doesburg-Rinsemahûs giet it om de oarspronklike kleuren neffens it ûntwerp fan Van Doesburg en om de útfiering fan de fervers ûnder lieding fan arsjitekt Cees Rienks de Boer. Alle âlde ferflagen binne ûndersocht en behâlden. It houtwurk is net bleat lein, mar de goede kleuren binne oer de âlde ferflagen hinne skildere. Yn ien fan de sliepkeamers is it oarspronklike skilderwurk noch sichtber. It nije skilderwurk is basearre op de ferverspraktyk fan 'e tweintiger jierren.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: