Easterbierrum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L wat oer de skiednis
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L wat oer de skiednis
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Frjentsjerteradiel Easterbierrum.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Easterbierrum]]
'''Easterbierrum''' is in doarp yn it noarden fan de gemeente [[Frjentsjerteradiel]]. It doarp hat 557 ynwenners (21 desimber 2003).
Troch it doarp rint de Middelwei fan tsummearum nei [[Seisbierrum]] dy't yn de jierren 1839—1841 in stik ferbrede en ferbettere is.
==Skiednis==
It doarp waard eartiids wierskynlik Aesterbarra neamd. Noardwestlik fan Eassterbierrum leit op in hege terp oan de seedyk de pleats ‘Koehoal’ . Hjir waard yn [[1183]] it kleaster Lidlum stifte.
Oant yn de lette Midsieuwen wienen diken oer lân meastentiids ûnbegeanber en wie men foar it grutstepart op ferbining oer it wetter oanwiisd. Dy wiene ek wichtich foar de ûntwikkeling fan de doarpen. Troch de eardere slinke hie Easterbierrum altyd in goede ferbining met [[Tzummearum]].
Fan in rige doarpen yn de streek Bierumer Bjirmen dy't ûntstien binne op in [[strânwâl]] is Easterbierrum de meast eastlike; fandêr de namme. It is wierskynlik sûnt de iere [[midsieuwen]] bewenne. De [[goatyk|goatyske]] tsjerke krige om [[1500]] syn hjoeddeiske foarm en wie wijd oan [[Joaris (hillige)|Sint Joaris]]. Nei inkele jierren koartwei ´de tsjerke fan Easterbierrum' neamd te wêzen hat it sûnt 2005 wer de name St. Joaristsjerke. Yn it súdwesten fan it doarp stie in [[stins]] fan it skaai Haerda.
Yn [[1431]] sloegen de muontsen fan [[Lidlum]] de destiidske koster fan Easterwierrum dea yn syn pastorije.
Yn it súdwesten fan it doarp stie in [[stins]] fan it skaai Haerda.
==Sint Joaristsjerke==
De [[goatyk|goatyske]] tsjerke krige om [[1500]] syn hjoeddeiske foarm en wie wijd oan [[Joaris (hillige)|Sint Joaris]]. Nei inkele jierren koartwei ´de tsjerke fan Easterbierrum' neamd te wêzen hat it sûnt 2005 wer de name St. Joaristsjerke. Moast in deade eartiids fan fier komme, dan barde soks yn in lykkoets, lutsen troch ien of twa hynders. De koets moast dekt wêze mei ta op in heale meter fan de grûn kommende swarte kleden.M
Op it tsjerkhôf stiet in sark fan Rienk Doedes mei in skip der op ôfbylde. Dit omdat hy syn besittingen oermakke hat oan de diakonij en earmfâden op betingst dat syn grêf nea iepene wurde soe.
 
==Mienskip==
Easterbierrum kaam medio 2005 mei in doarpsfisy mei in algemien karakter, dy ’t troch de gemeente goedkard is. Doarpsbelang is no dwaande mei in neiere útwurking. It doarpshûs hjit de Mienskar. Doarpsbelang Easterbierrum/Kleaster-Lidlum wol de leefberheid fan it doarp hâlde en sa mooglik fergrutsje.