Fers2: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L [[]]
Rigel 1:
'''''Fers2''''' is in online literêr tydskrift dat belutsen is by de hjoeddeiske literatuer, kontekstualisearre mei it gruttere kulturele ramt.
 
It tydskrift is ein 2014 oprjochte troch [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]] en [[Friduwih Riemersma]]<ref>[http://www.itnijs.frl/2015/01/fers2-nij-frysktalich-literatuerwebstee/ "Fers2: nij Frysktalich literatuerwebstee"]. ''It nijs''. Ried fan de Fryske Beweging, 5 jannewaris 2015. Krigen 5 desimber 2015.</ref> yn it Amsterdamske teaterkafee-restaurant De Smoeshaan, dat syn namme krige fan it toanielstik fan de Romeinske skriuwer [[:en:Plautus|Plautus]]. De opfiering fan it stik waard yn 1968 troch de boargemaster fan Haarlim ferbean as 'zedenkwetsend' en sûnt is de namme assosjearre mei kontroversjeel en klandestyn. De namme ''Fers2'' ferwiist nei it eardere literêre tydskrift ''[[Farsk]]'', ek oprjochte en laat troch De Vries en ek yn de Amsterdamske krite foarmjûn. ''Farsk'' gie yn 2009 op yn literêr tydskrift ''[[Ensafh]]''.
 
''Fers2'' propagearret in fisy op literatuer as keunst, dat net as taalbefoarderingsmiddel, noch as polityk bewegersynstrumint. It tydskrift ûntlokket in debat oer de wichtichste Fryske aktualiteiten, of oer de ûnûntkombere, lykas it besprekken fan wurk fan auteurs dy't men persoanlik ken.<ref>[http://www.wegmetderandstad.nl/wordpress/?p=8874 "Fers2: literêre ynteelt sûnder wjergea"]. Knilles. ''Weg met de randstad. Frysk literêr weblog''. Cornelis van der Wal, 1 novimber 2015. Krigen 5 desimber 2015. "Litte wy hoopje dat it ek in kear ophâldt mei fers2.eu. Se hawwe no yn elts gefal har eigen grêf dold, dit is fansels in literêre deasûnde. Soks moat literêre krityk foarstelle."</ref> It biedt in farsk perspektyf op de Fryske kulturele minderheidssituaasje yn de hjoeddeiske minderhedebeskermingspolityk fan de Europeeske Uny. Sa sei skriuwer en literatueraktivist [[Josse de Haan]] oer ''Fers2'': "Satire, Knillis, satire, dat is de koark fan ‘e literatuer -it hele logofeest fan Lwrd.18 is satire…, want gjin literatuer".<ref>[http://www.wegmetderandstad.nl/wordpress/?p=8394 Comments 1 by "Fers2 komt mei nije lay-out!"] Josse de Haan. ''Weg met de randstad. Frysk literêr weblog''. Cornelis van der Wal, 12 febrewaris 2015. Krigen op 5 desimber 2015.</ref> Karakteristiken fan ''Fers2'' binne, yn neifolging fan ''Farsk'', in diskursive beneiering fan literêre krityk en anty-opiniëardheid.