Sibekarspel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Sibekarspel komt net op de plaknammelist foar; ik ha dêrom de namme dy't op it lemma fan de gemeente Medemblik stie oanholden.
 
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 14:
 
== Skiednis ==
[[File:Protestantske tsjerke fan Sibekarspel.jpg|thumb|left|''[[Protestantske tsjerke fan Sibekarspel|Protestantske tsjerke]]'']]
Sibekarspel wurdt yn 1310 neamd as ''Siboutskerspel'', yn 1343 as ''Syboutskerspel'' en yn 1494 as ''Zypekerspel''. De oarspronklike namme ferwiist nei in troch Sybout stifte [[parochy]]. It plak waard yn 1414 mei Benningbroek fan hartoch [[Willem VI fan Hollân| Willem VI]] de status fan stêd ferliend. Yn de [[Frânske tiid]] waard dy foarm fan plattelânsstedsrjocht wer opheft.
 
Rigel 22:
Sibekarspel hat in typysk plattelânskarakter en in grut part fan de doarpskearn is skildereftich. It doarp is as lytse kearn oanwiisd, itjinge betsjut dat fral lokale ynwenners yn 'e beneaming komme foar útwreiding en dat der by de nijbou rekken holden wurde moat mei de styl.
 
De 16e iuwske [[Protestantske tsjerke fan Sibekarspel|tsjerke fan Sibekarspel]] stiet tusken de lintbebouwing rjochting Gouwe. Tsjintwurdich is de tsjerke lytser as eartiids; de toer en it koer waarden yn de 19e iuw ôfbrutsen.
 
Yn it doarp steane in tal 19e-iuwske karakteristike Noard-Hollânske pleatsen, dy't as ryksmonumint oanwiisd binne.