Winst: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
fl
 
Rigel 2:
'''Winst''' is yn in [[kapitalisme|kapitalistysk systeem]] it positive ferskil tusken [[opbringst (jild)|opbringst]] en [[kosten (boekhâlding)|kosten]]. As dat ferskil negatyf is, is der sprake fan [[ferlies (ûndernimming)|ferlies]]. Ornaris wurdt de winst oer in beskate perioade rapportearre, bgl. de jierwinst of de kwartaalwinst. Winst kin sjoen wurde as [[fergoeding]] foar it gebrûk fan [[kapitaal (ekonomy)|kapitaal]], as [[opbringst (jild)|opbringst]] fan goed [[management]] of as [[risikopreemje]].
 
De fergoeding foar it gebrûk fan kapitaal en de opbringst fan goed management bedraacht oer it algemien mar inkele prosinten fan it kapitaal. By in in grut [[finansjeel risiko]] (lykas in [[ynvestearring]] yn in ûnwis projekt) kin de fergoeding dêrfan lykwols oprinne ta tsientallen prosinten fan it kapitaal. By lytsere [[bedriuw]]en, lykas [[ienmanssaak|ienmanssaken]], wêrby't de eigner gjin lean ûntfangt, spilet winst ek in rol as fergoeding foar ferrjochte [[arbeid (ekonomy)|arbeid]].
 
By in mear as normale winst wurdt sprutsen fan [[surpluswinst]] of ekonomyske rinte.