Swiertekrêft: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
No edit summary
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:ParabolicWaterTrajectory.jpg|250px|thumb|In skean nei boppe spuitsjende wetterstriel fan in fontein, wurdt ferfoarme ta in [[paraboal (wiskunde)|paraboal]] troch de swiertekrêft fan de [[ierde]]]]
De '''swiertekrêft''' of '''gravitaasjekrêft''' is in oanlûkende [[krêft]] dy't twa (punt-)[[Massa (natueurkunde)|massa]]'s op inoar útoefenje. De swiertekrêft soarget dêrfoar dat alles op [[ierde]] in nei ûnderen geande krêft ûnderfynt. De swiertekrêft wurket ek op grutte ôfstân, bygelyks tusken de ierde en de [[moanne (himellichem)|moanne]] en tusken [[stjerrestelsel]]s, dêr't it úttynjen fan it hielal by tsjinwurke wurdt. De swiertekrêft, feroarsaket ek it fallen fan in apel en soarget der allyksa foar dat de [[Moanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)|moanne]] of in [[satellyt]] yn in baan om de ierde bliuwt en dat de ierde yn in baan om de [[sinne]] bliuwt en dat de sinne op sy bar mank mei alle oare stjerren fan de [[MolkweiMolkewei]] grif om in mulpunt hinne draaie.
 
Boppedat feroarsaket de swiertekrêft de tijfjilden om it massamulpunt hinne fan in himellichem. De tijfjilden fan de sinne en de moanne binne op de ierde ferantwurdlik foar inferkynsel sa as bygelyks de [[springtij]].
Rigel 9:
:<math>F_g = G \cdot \frac{m \cdot M}{r^2}</math>
mei
* <math>F_g</math> de swiertekrêfttswiertekrêft tusken twa foarwerpen (yn [[Newton (ienheid)|newton]])
* <math>m</math> de massa fan it earste foarwerp (yn [[kg]])
* <math>M</math> de massa fan it twadde foarwerp (yn kg)
Rigel 28:
Boppedat soarget de rotaasje fan de ierde om syn [[Ierdas|as]] hinne derfoar dat op foarwerpen op ierde njonken de swiertekrêft ek in [[mulpuntflechtsjende krêft]] wurket, dy't suver tsjin de rjochting fan de swiertekrêft yn wurket. Hoe fierder fan de [[ierdas]] ôf, hoe grutter dy mulpuntflechtsjende krêft. Op de [[evener]] is dy krêft it grutst, en op de poalen is dy nul.
 
En fierders is de foarm fan de ierde net folslein rûn, mar, ûnder ynfloed fan de rotaasje, by de poalen justjes ôfflakke. De ierde hat de foarm fan in ôfflakke [[sfearoïde]]. Dat betsjut dat de poalen likernôch 21 km tichter by it sintrum fan de ierde binne as de evener, dat de swietekrêftswiertekrêft op de poalen justjes grutter makket.
 
De swiertekrêft- of falfaasje op it ierdoerflak fariearret troch al dy oarsaken fan likernôch 9,789 m·s−2 en 9,832 m·s−2. Yn Fryslân is dy likernôch 9,8135 m·s−2.