Julia Domna: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fergodliking --> fergoading
fl
Rigel 5:
 
== Libben ==
Julia Domna waard berne yn de de Romeinske provinsje [[Syrje]] as dochter fan Julius Bassianus, hegepryster fan de [[El Gebal]] sinnegod kultus fan [[Emesa]]. As jonge frou reizge sy nei it westen en troude yn [[187]] mei de Noard-Afrikaanske Lusius [[Septimius Severus]], dy't letter keizer fan Rome wurde soe. Yn [[188]] en [[189]] waard sy mem fan twa soannen, [[Karakalla]] en [[Geta]].
 
Doe't Septimius Severus yn [[193]] troch de [[senaat (Rome)|senaat]] ta keizer útroppen waard, krige sy de titel ''Augusta'' (keizerin). Omdat sy altyd mei har man meigong op fjildtochten krige sy yn [[195]] de titel ''Mater Castrorum'' (mem fan de forten of legerkampen).<ref>''[[Corpus Inscriptionum Latinarum|CIL]]'' <span class=plainlinks>[http://compute-in.ku-eichstaett.de:8888/pls/epigr/epieinzel_de?p_belegstelle=CIL+12%2C+04345&r_sortierung=Belegstelle XII 4345], [http://compute-in.ku-eichstaett.de:8888/pls/epigr/epieinzel_de?p_belegstelle=CIL+14%2C+00120&r_sortierung=Belegstelle XIV 120]</span>.</ref> Nei de dea fan Septimius Severus yn [[211]], soe sy troch de senaat noch mear titels takend wurde, te witten: ''Mater Senatus'' en ''Mater Patriae'' (Mem fan de Senaat en Mem des Heitelâns).
Rigel 13:
Yn desimber [[211]] waard sy troch Karakalla ferrieden neidat sy op syn foarstel in moeting regele hie tusken har soannen mei as doel om de skelen byinoar te lizzen. Lykwols waard nei Geta syn oankomst dizze foar har eagen, miskien sels wol yn har earmen troch soldaten fan Karakalla fermoarde.
 
Doe't úteinlik ek har âldste soan fermoarde waard (op dat stuit ferbliuw sy yn Syrje), wie sy wanhopich eben besocht even selsmoard te dwaan, mar seach dêr fan ôf doe't de nije keizer [[Makrinus]] har te kennen joech dat sy al har titels behâlde mocht. Stadich oan sette Julia Domna in kampanje útein tsjin Makrinus. Doe't dy fan har plannen op de hichte rekke, moast sy nei Rome komme dêr't sy har sels tekoart die troch yn hongerstaking te gean.
 
== Fuotnoaten ==