Emma fan Waldeck-Pyrmont: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Stavering moat hifke wurde
stavering hifke
Rigel 1:
{{Stavering}}
[[File:Jan Veth - Koningin Emma.jpg|thumb|''Keninginne Emma (Jan Veth)'']]
'''Emma prinses fan Waldeck en Pyrmont''' ([[Bad Arolsen|Arolsen]], [[2 augustus]] [[1858]] - [[De Haach]], [[20 maart]] [[1934]] ) wie de twadde frou fan [[Willem III fan de Nederlannen|kening Willem III]] en de mem fan keninginne [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Wilhelmina]].
Line 10 ⟶ 9:
Op 7 jannewaris 1879 boaske Emma yn 'e âldens fan 20 jier mei de 41 jier âldere kening Willem III. Dêrby gyng Emma fan de lutherske tsjerke oer op [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke]]. Ut it houlik waard op 31 augustus 1880 Wilhelmina berne. Foar Emma wie de religieuze foarming fan Wilhelmina in tige wichtige saak.
 
Yn de lêste dagen fan kening Willem III (fan 14 oant en mei 23 novimber 1890) funksjonearre Emma as regintesse. Nei de dea fan Willem III naam hja dy taak op foar har dochter Wilhelmina, oant Wilhelmina yn 1898 achttjin waard en de troan bestige koe. Hja waard dêrby holpen troch de Ried fan Fâlddij, fan wa't noch wolris útstellen kamen dêr Emma har tsjin ferdgigenjeferdigenje moast.
 
Emma learde al fuort nei har ferloving mei Willem III Nederlânsk; it regear hie foar dat doel de rektor fan it gymnasium yn De Haach oansteld, Laurens Reinhard Beynen (1811–1897), om Emma yn Arolsen it Nederlânk machtich te meitsjen. It wie Emma dy't troch har foarbyld der foar soarge dat oan it hôf en yn de bettere kringen tenei Nederlânsk praat waard. Earder brûkten it hôf en de boppelaach frjemde talen as fiertaal. Dat krekt immen as Emma, dy't sels net yn it Nederlânsk grut brocht wie, it Nederlânsk as fiertaal befoardere waard troch de befolking tige wurdearree.
 
Emma wie in populêr lid fan it keningshûs en hja droech by oan it ferstevigjen fan de konstitúsjonele monarchy. Yn 1918 liet hja har troch de skilder Jan Veth portretearje. Har grutte tal besites yn it lân en har krewearjen om Wilhelmina ta te rieden foar de troentroan soargen foar mear betrouwen yn it Hûs fan Oranje.
 
De lêste jierren fan har libben wenne Emma simmerdeis yn [[paleis Soestdijk]] en winterdeis yn it [[paleis Lange Voorhout]] yn [[De Haach]]. Yn it paleis Lange Voorhout ferstoar Emma op 20 maart 1934.