Meridiaan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
fl
 
Rigel 2:
In '''meridiaan''', of ''middeibôge'' is in line oer it ierdoerflak fan de [[geografyske noardpoal]] nei de [[geografyske súdpoal]]. By útwreiding kinne meridianen ek op oare planeten tapast wurde.
 
In meridiaan is de snijline fan in flak troch de de ierdas, en ien punt op it ierdoerflak. Dizze line is de meridiaan fan dat punt. It is mooglik ûnbeheind sokke linen te lûken; lykwols is de grutste tapassing dy fan in geografysk [[koördinatestelsel]]. Utgeand fan in [[nulmeridiaan]] kin foar de meridiaan fan elts punt op it ierdoerflak de hoek fêststeld wurde tusken de flakken fan de twa meridianen. Dit kin dan as de iene ordinaat brûkt wurde, as oantjutting fan de east-west posysje.
 
Dit systeem is yn de [[2e iuw]] betocht troch [[Ptolemaeus]]. Om't hy útgong fan mjttings fan de dei, definiearre hy de meridiaan as in line fan de punten dêr't it tagelyk middei waard. ''Meridies'' is [[Latyn]] foar ''middei''. Om't dit stelsel op de [[Middellânske See]] tapast waard, dy't fan east nei west rint, waard it ferskil mei de nulmeridiaan de ''lingte'' neamd. Ptolemaios hie syn nulmeridiaan sa fier yn it westen dat gâns syn wrâld oan ien kant lei. Hjoed de dei kin in punt east of west fan de nulmeridiaan lizze, en de ordinaat hiet dan [[easterlingte]] of [[westerlingte]].