H. Heeringa-Seepma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Baeke (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Heabeltsje Heeringa-Seepma''' ([[Ternaard]], [[29 juny]] [[1919]]- [[Feanwâlden]], [[6 febrewaris]] [[2022]]), wie in Frysk [[berneboek]]- en [[roman]]skriuwster.
 
Heabeltsje Seepma waard berne en grutbrocht op in pleats yn Ternaard. As bern mocht se graach lêze en opstellen skriuwe koe se goed. Nei har trouwen sette se har neite wenjen ynnei [[Eastrum]]. Se fertelde ferhalen oan har bern en skreau gedichtsjes en gelegenheidswurk. Se folge in skriftlike kursus ferhalen skriuwen en gie op Fryske les. Dat stimulearre har om fersen en ferhalen yn te stjoeren nei streekblêden yn de buert en nei de bernerubryk yn it [[Friesch Dagblad]]. Se debutearre mei it berneboek ''Sa’n koartkop'' (1960, [[KFFB]]). Se die mei oan de jierlikse priisfraach fan de KFFB en wûn ferskeidene prizen. Skriuwe soe in fêst ûnderdiel fan har libben wurde. Nei de boeken foar jongere bern skreau se in boek dat bedoeld wie foar opgroeiende fammen, ''Martsje lit it net sitte'' (1965) en sa ûntstie de Martsje-rige. Njonken de ‘Martsje’- boeken skreau frou Heeringa-Seepma [[roman]]s, in ferhalebondel ûnder de titel ''It griene huodsje'' (1988), in bondel ferhalen foar de jongerein, noch in pear berneboeken, krystferhalen en in pear fersebondels. Alles meiïnoar brocht se goed tritich titels op har namme. It grutste part fan har boeken kaam út by de KFFB.
 
== Wurk ==