Rebekka: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
fl
 
Rigel 11:
 
== De bern fan Rebekka ==
Krekt as har skoanmem krige Rebekka ek lang gjin bern. Earst nei twintich jier rekke hja swier fan in twaling en al tidens it swierwêzen tsierden de bern meiïnoar. Rebekka frege God om help en hja krige te hearren dat har skurte twa naasjes fuortbringe soe en dat de de âldste de jongste tsjinje soe. Tidens de befalling kaam Ezau as earste en dêrnei kaam Jakob, dy't Ezau mei syn hantsje oan de hakke fêsthold. De beide jonges wiene folslein ferskillend en it wie Jakob dy't Rebekka it measte nei wie. As Izaäk âld en blyn wurdt en syn seine jaan wol oan syn âldste soan Ezau, dan betinkt Rebekka in plan sa't Jakob de seine kriget. Izaäk twifelet ynearsten oft hy wol de goede soan foar him hat, mar hy lit him troch Jakob oertsjûgje dat hy Ezau is en jout dan syn seine, dy't mar ien kear jûn wurde kin. As Ezau fernimt dat Jakob him de seine fan syn heit ûntnadere hat, wol hy wraak nimme en Jakob deadzje sadree't syn heit net mear libbet. Jakob moat dan flechtsje en Rebekka sil har soan nea wer sjen. Wannear't Rebekka stoar is net bekend, hja waard yn in grot yn it fjild fan Machpela yn it lân Kanaän begroeven, dy't Abraham as famyljegrêf oankocht hie.
 
== Keppeling om utens ==