Sahel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fl
 
Rigel 8:
[[Ofbyld:Senegal dry wet 540.jpg|thumb|left|250px|''In foto fan in stik lân yn Senegal. Lofts it lân yn it drûge seizoen, rjochts yn it wiete seizoen.'']]
 
De Sahel rint fan east nei west, oer it hiele Afrikaanske wrâlddiel. Yn it westen wurdt it begrinzge troch de Atlantyske Oseaan en yn it easten troch de de Reade See, it hat in langte fan 3.862 kilometer. De breedte feroaret fan inkele hûnderten kilometer oant tûzen kilometer. It totale oerflak is sa’n 3.053.200 kante kilometer.
 
De Sahel is in oergongsgebiet tusken [[woastyn]] en [[savanne]] dêr't it tige skrok is en dêr't sprake is fan [[ferwoastining]] fan it oarspronklik savannelânskip. De ferwoastining is tagelyk it wichtichste miljeuprobleem. Trochstrings bedraacht de delslach sa'n 150 oant 500 mm yn it jier. It meastepart fan de rein falt yn it [[Reintiid|reinseizoen]]. Trochdat de waaksende befolking in protte (brân)hout brûkt en keppels fee de jonge leaten fan de fegetaasje opfrette, ferdwynt de fegetaasje en kin de woastyn oprukke. Foar in protte minsken is it finen fan geskikt [[drinkwetter]] in grut probleem.