Wjuk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
fl
Rigel 3:
In '''wjuk''', '''wjok''', '''flerk''' of (mei in [[hollanisme|hollanistyske]] [[ynterferinsje (taalkunde)|ynterferinsje]]) '''fleugel''' is in [[lichem (biology)|lichem]]sdiel dat [[fûgel]]s, [[ynsekten]], [[flearmûzen]], de útstoarne [[pterosaurus|pterosauriërs]] en [[mytyske wêzens]] lykas [[ingel]]s en [[draak|draken]] brûke of brûkten om mei te [[fleanen]]. Der bestiet in oansjenlik ferskil tusken in [[fûgelwjuk]], in [[flearmûswjuk]] en in [[ynsektewjuk]]. By fûgels en flearmûzen is de wjuk in [[lid (lichemsdiel)|lid]] dat oarspronklik ûntstien is út in [[foarpoat]], en dat oanstjoerd wurdt troch sterk ûntwikkele [[boarstspier]]en. By fûgels makket de wjuk fleanen mooglik troch de begroeiïng mei stive [[fear (fûgel)|fearren]], dy't [[slachpinne]]n neamd wurde. By flearmûzen bestiet de wjuk út in [[hûd]]flap tusken de [[finger]]s en de [[lichem (biology)|romp]]. By ynsekten besteane de wjukken út tinne [[flues|fluezzen]] mei dêrtrochhinne rinnend [[ier (bloedfet)|ieren]] dy't ta fersteviging folpompt wurde mei [[bloed]].
 
[[Domestisearre]] fûgels, lykas [[wylde ein|einen]] of [[guozzen]], wurde wol [[koartwjukjen|koartwjukke]] om fuortfleanen ûnmooglik te meitsjen. Dêrby wurdt dan in stik fan 'e slachpinnen ôfknipt sadat de wjuk minder draachfermogen hat. De fûgel kin dan noch wol fleane, mar moat dêr folle mear muoite foar dwaan. Lykwols kinne koarwjukke fûgels yn guon gefallen noch flinke ôfstannen ôflizze. Guon fûgels hawwe wol wjukken, mar kinne fan natuere net fleane, de saneamde [[flechtleaze fûgel]]s. Guon dêrfan, lykas [[strúsfûgels]], binne te grut om te fleanen, wylst oaren it fljochfermogen troch [[evolúsje]] kwytrekke binne, bgl. om't se om in [[eilân]] libben dêr't se gjin [[predaasje|natuerlike fijannen]] hiene, lykas de de [[dodo]], of om't se har oanleard hawwe om ûnder wetter te 'fleanen', lykas [[pinguins]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=