Tabak: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl; st
fl
 
Rigel 7:
Der binne in protte soarten tabak, dy't allegearre levere wurde troch it planteskaai ''Nicotiana''. It wurd ''nicotiana'' (en ek ''[[nikotine]]'') is neamd nei [[Jean Nicot]], de Frânske ambassadeur foar Portegal, dy't yn 1559 tabak as medisyn nei it hof fan [[Catherine de Medici]] stjoerde.<ref>colonia 13 509 [http://www.tc.columbia.edu/centers/cifas/drugsandsociety/background/chronologydruguse.html Heading: 1550–1575 Tobacco, Europe.]</ref>
 
It gebrûk fan tabak is in sosjaal (mar hieltyd minder) akseptearre foarm vanfan [[ferslaving]]; foaral it [[alkaloïde]] [[nikotine]] dat yn tabak sit, laat ta wennen en [[ferslaving|ôfhinklikens]].
 
Fral it brûken fan smookbere foarmen fan tabak, benammen sigaretten, foarmet in wichtige oarsaak vanfan swierrichheden mei de sûnens oer de hiele wrâld; smokers libje trochsneed 5 oant 10 jier koarter as net-smokers, en in protte syktes hâlde in mear of minder sterk ferbân mei it gebrûk fan tabak, fan [[longkanker]], [[hertinfarct]], [[beroerte]], mûle- tonge- slokdarm- maach- en blaaskanker oant [[emfyseem]] en [[COPD]].
 
Dokters riede it gebrûk fan tabaksprodukten dan ek sterk ôf en yn in soad lannen binne warskôgings op de ferpakking ferplicht. Yn Nederlân bestiet sûnt 1990 de [[Tabakswet]] dy't dêrnei hieltiid fierder oanskerpe wurdt om it [[smoke (tabak)|smoken]] te ûntmoedigen. De nasjonale oerheid bart jierliks grutte bedraggen oan [[aksyns]] op de ferkeap fan tabaksprodukten.