Siuwsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Kalm oan
fl
Rigel 19:
In apart plak binnen it Siuwsk wurdt ynnommen troch it boarger-Siuwsk fan Middelburch en Flissingen (tsjintwurdich ek East- en West-Souburg), dat tige ferskilt fan it Walcherske plattelânsdialekt dêr omhinne. De dialekten fan oare stêden en stedsjes as Zierikzee, Goes, Veere, Tholen, Oostburg, Axel en Terneuzen wike folle minder ôf fan de plattelânsdialekten dêromhinne.
De neamde regiolekten litte nei it suden ta hieltyd mear Flaamske skaaimerken sjen. Is op Schouwen in 'simmer yn Seelân' noch gewoan in 'zomer in Zeêland', fan Walcheren en Súd-Bevelân ôf wurdt dat in 'zeumer'. En op it kwa wurdskat wat noardlikere Súd-Bevelân yt men 'aerebemezen' of 'aerebezems', op Walcheren binne dat 'frinzen' of 'frenzen' (fan it Frânske 'fraises').
It dialekt fan midden en westlik Siuwsk-Flaanderen liket tige op it West-Flaamsk fan 'sjuust over de grenze'. It ienige opmerklike ferskil is it ûntbrekken fan de oe-útspraak fan de Nederlânskse 'ou' yn Siuwsk-Flaanderen. En de wurdskat vanfan Siuwsk-Flaanderen is folle mear as dy fan it West-Flaamsk oantaast troch it Nederlânsk.
 
== Oantal sprekkers ==
Ut in trijetal regionale ûndersiken (Evenhuis [[1995]]; Riemens 1995; Menheere 1988) is ôf te lieden dat yn hiel Seelân wierskynlik noch foar mear as 60% fan de Siuwske befolking Siuwsk de earste en wichtichste taal is. Fan de oare 40% hat seker de helt wat passive of aktive kennis fan de taal. Goeree, Schouwen en Duiveland, it uterste westen en easten vanfan Súd-Bevelân, de westpunt vanfan Walcheren en West-Siuwsk-Flaanderen hawwe de heechste persintaazjes dialektpraters. Positive útsjitters binne doarpen as Bruinisse, Arnemuiden en Westkapelle (mei sels mear as 90% Siuwsktaligen ûnder de jongerein) en de measte West-Siuwsk-Flaamske doarpen (benammen Hoofdplaat, Breskens en Schoondijke).
Yn West-Flaanderen sprekt hast 90% fan de hiele befolking noch (by foarkar) West-Flaamsk (mear as 1 miljoen sprekkers). Yn Frânsk-Flaanderen wurdt de streektaal allinnich troch de alderâldsten (bytiden mear as 80%) en fyftich-plussers (sawat 10-50% sprekkers, ôfhinklik fan it plak) noch sprutsen (mei-inoar noch mar sa’n 20.000 sprekkers).
Der is yn Frânsk-Flaanderen lykwols in opmerklik grutte belangstelling foar kursussen yn de streektaal. De ferwachting is dan ek, dat it Frânsk-Flaamsk nea hielendal útstjerre sil, mar hoe langer hoe mear foarbeholden wêze sil oan in relatyf lytse groep tige taalbewuste twataligen.