Flavius Aetius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
taal
 
Rigel 13:
Bonifasius komt yn opstân en lit de [[Fandalen]] út Spanje nei Afrika oerkomme. As er yn 432 by Plasidia wer yn de geunst komt wurdt er nei Itaalje roppen en kriget der in hege posysje. Aëtius dy't fan betinken wie dat Plasidia fan him ôf woe, marsjearret mei syn leger op Bonifasius en rekket mei him yn gefjocht yn de slach by Riminy. Dizze slach wurdt troch Bonifatsus wûn, mar hy rekket swier ferwûne en stjert in oantal moannen letter. Aëtius ûntsnapt nei dizze nederlaach nei [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]] en keart mei help fan de Hunnen werom (yn ruil dêrfoar krigen se de Romeinske provinsje [[Pannoanje]]) en yn 433 hy er syn machtsposysje werom.
 
== MachtigsteMachtichste Romein vanfan hetit Westen ==
Fan 433 oant 450 wie Aetius de wichtichste persoan fan it West-Romeinske Ryk. Syn polityk is der op rjochte om de Romeinske macht dy't slim te lijen hie fan de ynfallende Germaanske folken te fersterkjen yn de provinsjes Galje en Spanje. Hy hat dêrby te krijen mei diverse opstannen û.o. fan de ''Germaanske foederati'' (bûnsmaten) yn it ryk. Yn [[435]] ferbrekke de [[Boergonden]] har ferbûn mei de Romeinen en falle it oanswettende gebiet binnen. As antwurd stjoerd Aëtius in strafekspedysje derhinne dy't haadsaaklik út Hunnen bestiet. By [[Worms (stêd)|Worms]] wurde de Boergonden troch dat leger ferneatige en rûge in grut part fan de Boergonden út. It oerbleaune part wurdt yn [[443]] troch Aetius oerbrocht nei Sapaudy (Savoye). Yn Galje en Spanje ûnderfynt hy fjirders ek in soad problemen mei kloften plonderers, de saneamde [[Bagaudae]]. By [[Valence (Drôme)|Valence]] en [[Orléans]] pleatst hy mobile legers.