Gemeentehûs fan Baarn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
opmaak oars
fl
 
Rigel 15:
Nei útwreidingen yn [[1872]] en [[1889]] besluet de ried yn de amtsperioade fan boargemaster F.F. baron d'Aulnis de Bourouill foar it hurd groeiende doarp yn [[1906]] in gâns nij gemeentehûs te bouwen. Dêrta waard de fille Mes SDélices foar f.36.000 oankocht en sloopt. It âlde riedhûs mei it postkantoar waard yn [[1913]] ferkocht en moast by eintsjebeslút wike foar de hjoeddeiske bibletteek.
 
Doe't A. Broer yn [[1948]] inkele beskôgingen wijde oan [[Paleis Soestdyk]] en omkriten, skreau hy oer it gemeentehûs fan Baarn: ''Het gemeentehuis van 1907 (een fataal jaar, een fatale tijd voor de bouwkunst!) heeft geen archtiectonischearchitectonische betekenis''. Mar T. Pluim skreau al yn [[1924]] loovjend oer it ''Raadhuis met zijn monumantaal profiel'' en tsjintwurdich krijt it troch gemeentearsjitekt F.F. de Boois (yn funksje fan [[1905]] - [[1939]]) ûntwurpen gebou mear wurdearring. It pân waard foltôge yn [[1908]] en foar f 50.196 boud troch oannimmer M.C. Konings út [[Nymwegen]], de leechste fan de tweintich ynskriuwers. Frappant is dat De Boois keazen hat foar in opset as royale filla en net foar in mear klassisistysk hearehûstype mei bordes lykas by it âlde riedhûs út 1866. Foar in riedhûs waard meastentiids dat type as passend beskôge. Faaks dat de arsjitekt it karakter fan Baarn as filladoarp ta útdrukking bringe wold hat en in filla-eftich gemeentehûs passender fûn.
 
== Boustyl ==