Suëtoanius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 1:
'''Suetonius''', folút: '''Gaius Suetonius Tranquillus''', ([[69]]/70 – [[140]]) wie in Romeinske skriuwer en skiedkundige. Hy wurdt wol beskôge as Romes grutste biograaf út de keizerstiid. Yn syn wurken skriuwt Suetonius oer it libben fan de keizers en hy hie derbydêrby in protte oandacht foar persoanlike bysûnderheden. Troch lettere skriuwers is er in soad nijfolge.
 
==Libben==
Suetonius waard berne om-ende-by [[70|70 n. Kr.]] yn 'e omkriten fan [[Hippo Regius]] yn Afrika. Hy krige in goeie oplieding, studearre rjochten en tsjinne ûnder [[Plinius de Jongere]] dy't doe gouverneur wie fan [[Bithynia]]. Troch tuskenkomst fan Plinius waard hy letter oansteldoanstelle as [[bibletekaris]] by keizer [[Trajanus]]. Under keizer [[Hadrianus]] wie hy inkele jieren haad fan it keizerlike skriuwerskip. Oan dizze posysje kaam lykwols yn [[121]] ynienen in ein, nei gedachten fanwege syn relaasje mei keizerin [[VibiaFibia Sabina]]. Yn de jieren dernei hat er noch in soad wurk skrean.
 
==Wurken==
Suetonius is de wichtigstewichtichste Romeinske fertsjinwurdiger fan de [[biografy]], de libbensbeskriuwing fan de keizers dy't destiids net folle oansjen joechhie. Omdat er wurke hie foar de machtigstemachtichste persoanen fan syn tiid, wist er ek in protte oer it libben fan de keizers te fertellen.
 
Yn syn wurk skriuwt Suetonius net folle oer de polytike en militêre foarfallen, mar hat hy it benammen oer de de intriges fan de keizers, harren deugden en goeie eigenskippen en - foaral - harren minne eigenskippen, harren smoarchens en wredens. Alle hearskers sûnt [[Julius Caesar]] komme oan bod en oer de ien is er wat wiidwijdiger dan oer de oare. In inkeldenien komt er by him goed fan ôf en it byld dat er skept fan de keizers is net al te roaskleurich.
Rigel 11:
Suetonius skriuwt syn ferhalen altiten neffens in fêst stramien: hy bejint hieltyd mei in beskriuwing fan it libben oant de ambtsoanfierding, dernei komt in rige rubriken en as slot beskriuwt er op hokker wize de keizer oan syn ein komt.
 
It ferskil mei oare skiedkundigen lykas [[Tacitus]] sit him hjir yn, dat Suetonius him mear dwaande haldehâlde mei de persoanlike bysûnderheden fan de keizers, wylst Tasitus in proatte omtinken hie foar de chronologygronology fan de foarfallen. De libbensbeskriuwings fan Suetonius binne aardich om te lêzen, mar de literêre kwaliteit en psychologyske djipgong bliuwt efter by oare skriuwers. De kreft fan Suetonius sit him yn de details en de talryke [[anekdoate]]s. Troch Suetonius witte wy frij krekt hoe't de keizers derút seagen en hokker yntresses sy hienen.
 
===''De Viris illustribus''===