Deputearre Steaten fan Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ranbovw (oerlis | bydragen)
- +
Ranbovw (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 5:
De '''Deputearre Steaten''' is it deistich bestjoer fan in Nederlânske provinsje. Se binne te ferlykjen mei de kolleezjes fan boargemaster en wethâlders, sa't Nederlânske gemeenten dy ha.
 
De Deputearre Steaten besteane út de [[Kommissaris fan de Kening|kommissaris fan de kening]] en de deputearren. De deputearren wurde foarsitten troch de kommissaris. Yn '''[[Fryslân]]''' is dat [[Arno Brok]]. De kommissaris wurdt foar seis jier beneamd troch it Ryk. De deputearren wurde alle fjouwer jier keazen troch [[Provinsjale Steaten fan Fryslân]] (de Steaten). De leden fan de Steaten binne keazen troch it folk by de provinsjale ferkiezingen.
 
Eltse deputearre hat eigen taakgebieten. Normaal wurde deputearren beneamd nei ûnderhannelingen oer in koälysje tusken fraksjes yn de Steaten. Sûnt it ynfieren fan de Wet dualisearring provinsjebestjoer yn 2003 binne de deputearren gjin lid mear fan de Provinsjale Steaten. It tal deputearren fariearret per provinsje. Fryslân hat fiif deputearren.