Easterlittens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L →‎Ferienings: toaniel
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: kemping
Rigel 8:
 
Yn [[1888]] waard op de hoeke fan de fearten in molkfabryk dy't der wol hûndert jier stien hat. De skoarstien is by de sloop fan it fabryk yn 1997 stean bleaun. Op it âlde stee is letter de nijbouwyk It Krúswetter komd.
 
Efter de iisbaan is de kemping It Krúswetter.
 
==Littenser Merke==
Eartiids wie der yn Easterlittens alle jierren op 1 oktober in bargemerk. Nei it midden fan de [[18e ieu]] is dit feroare yn de earste moandei fan septimber. Nei 1900 binne dit merkedagen wurden, en wol de earste woansdei en tongersdei fan septimber. Omdat de kreammen op grûn fan de tsjerke stiene, krige dy der ek jild fan. De kroechbazen organisearren op sokke dagen ek in keatswedstryd.