Aldskoat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wat mear ynfo ek fan de webstee fan S
+ofbyld
Rigel 1:
[[Image:Map NL It Hearrenfean Aldskoat.png|thumb|300px250px|Aldskoat]]
[[Ofbyld:Kerk Oudeschoot 12.JPG|thumb|250px|[[Skoattertsjerke]]]]
'''Aldskoat''', pleatslik seit men koartwei ''Skoat'') is een doarp yn de [[gemeente It Hearrenfean]]. It net troch It Hearrenfean anneksearre gedielte fan it doarp hie yn [[2004]] sirka 180 ynwenners.
It doarp leit besuden de palkken [[It Hearrenfean]] en [[It Oranjewâld]] en efkes beëasten fan [[Nijskoat]] It oanswettende buorskip [[Annebuorren]] falt kadastraal ûnder it doarp.
 
==Skiednis==
De âlde beneaming foar it plak is ‘’ Scoete’’ of ‘’Scote’’. Nei [[1408]] sprekt men fan ''Old Schooten'', wat letter Aldskoat wurden is. De namme ferwiist nei 'skoat', in útstekkend stik lân. Fan de [[Midsieuwen]] ôf wie it doarp it sintrum fan [[Skoatterlân]], hoewol’t it gemeentehûs fan Skoatterlân oant de opheffing fan dy gemeente yn it tichtbylizzende It Hearrenfean stie. It ûntstean hat te krijen mei in hege sânrêch yn it lânskip oan de bochtige [[Tsjonger]] dy’t de boel ek wolris ûnder wetter sette.
Oant ûngefear 1750 waard der ek rjocht sprutsen yn it doarp en setele de [[gritenijrie]] yn Aldskoat.