Teake van der Meer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Foto fan de man
fl
Rigel 7:
Neist solo-optredens hat er syn show-kabaret, in jûnfoljend programma dat er docht mei toanielgûchelder/yllúsjonist [[Minze Dijksma]] en sjongster [[Griet Wiersma]]. Sa'n tritich jier lyn makke er namme mei de langspylplaat Friesland Plat dy't yn de Top-10 kaam. Dêrnei folgen noch sa'n tsien CD's en in tal DVD's. Yn 2002 fierde er syn 40-jierrich jubileum yn it artystefak. Dat brocht him yn doarpshuzen, feesttinten, toanielsealen, brulloften en by [[Friezen om utens]] yn Kanada, de Feriene Steaten en sels op cruiseskippen. Van der Mear wie fan doel om yn 2015 op te hâlden nei de jublileumrevu ''50 jaar Teake van der Meer'', mar yn 2017 sette er dochs noch útein mei de solofoarstelling ''Noch ien kear'', dy't er bringe woe op alle plakken dêr't er earder op de planken stien hie. Dy toernee koe er lykwols net ôfmeitsje om reden fan de [[COVID-19|koroanapandemy]].<ref>''Lytse Teake (83) kon niet zonder podium''. Frysk Deiblêd, s.3, 29 desimber 2020</ref>
 
Teake van der Meer ferstoar yn âldens fan 83 jier, nei in koart siikbêd, oan de gefolgen fan asbestkanker.<ref>[https://www.lc.nl/cultuur/Volkskomiek-Lytse-Teake-van-der-Meer-overleden-26319958.html?harvest_referrer=https%3A%2F%2Fwww.google.com%2F Ljouwerte Krante, 28 desimber 2020]</ref>
 
== Diskografy ==