Kompetysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L noch wat
 
Rigel 7:
Kompetysje tusken minsken wurdt lykwols benammen assosjearre mei [[sport]], wêryn't lju it tsjininoar opnimme op it mêd fan [[minsklik lichem|fysike]] [[krêft]] en feardichheid. In inkele kompetysje op it mêd fan sport wurdt oer it algemien in '''wedstryd''' neamd. In stikmannich byinoar hearrende wedstriden foarmje yn dy kontekst in '''kompetysje'''. In inkel [[evenemint]] wêrby't twa [[fuotbal]]teams it tsjininoar opnimme, is bgl. in fuotbalwedstryd, mar alle wedstriden fan in groep byinoar hearrende fuotbalteams út in seizoen foarmje in fuotbalkompetysje. De lieding oer in wedstryd is yn 'e regel yn 'e hannen fan in [[skiedsrjochter]], of by guon sporten (lykas [[keunstdûken]] of [[keunstriden]]) fan in sjuery. Sokken toetse it ferrin fan in wedstryd oan yn 't foar opstelde [[spulregel]]s.
 
Spesjale soarten wedstriden binne de '''thúswedstryd''', in wedstryd dy't op eigen terrein spile wurdt, en de '''útwedstryd''', in wedstryd dy't op 'e gerjochtichheid fan 'e tsjinpartij spile wurdt. As der twa byinoar hearrende wedstriden binne fan deselde partijen, sprekt men by de lêste fan 'e beide wedstriden fan in '''return''' of in '''returnwedstryd'''. In wedstryd wêrby't it derom giet om sa fluch mooglik in taak te folbringen, is in [[race]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=