Ferfolch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 1:
In '''ferfolch''' is in [[literatuer|literêr wurk]], [[film]], [[toanielstik]], [[tillefyzjeprogramma]], [[muzyk]]stik of [[kompjûterspultsje]] dat fierder giet dêr't in earder wurk opholden is. De term wurdt almeast brûkt yn it ramt fan [[ferhaal|ferheljende]] [[fiksje]], wêrby't in ferfolch pleatst is yn deselde [[fiktive]] wrâld as it eardere wurk, en ornaris [[gronology]]sk folget op dat eardere wurk. Yn it meastepart fan 'e gefallen pakt in ferfolch ferskate [[plot]]eleminten fan it oarspronklike ferhaal op, faak mei deselde [[personaazje]]s en [[dekôr]]s. As der ien inkeld ferfolch makke wurdt, sprekt men yn 'e regel noch net fan in searje, mar in ferfolch kin wol ta it ûntstean fan in searje (of rige) liede as der mear ferfolgen makke wurde. By [[literatuer]] sprekt men dan fan in [[romansearje]] en by [[film]]s fan in [[filmsearje]]. Ek de opinoar folgjende [[ôflevering]]s fan in [[tillefyzjesearje]] kinne as ferfolgen beskôge wurde. As der ferfolgen makke wurde yn ferskate soarten media, sprekt men net fan in searje, mar fan in [[mediafranchise]].
media]], sprekt men net fan in searje, mar fan in [[mediafranchise]].
 
It meitsjen fan ferfolgen is oantreklik foar [[filmprodusint]]en en [[útjouwer]]s om't der minder risiko mei rûn wurdt. As it [[publyk]] wol oer it oarspronklike wurk mocht, is de kâns grut dat it ek oer it ferfolch meie sil. De [[fan (persoan)|fans]] fan it oarspronklike wurk sille alteast it ferfolch lêze, sjen of spylje wolle. Dat is in grut foardiel boppe it fan nul ôf oan begjinnen mei in hiel nij wurk. Ek komt it foar dat it publyk aktyf freget om in ferfolch. Oan 'e oare kant is it sa dat ferfolgen, benammen as it om films giet, oer it algemien minder goed binne en ek minder wurdearre wurde as it oarspronklike wurk. Ferfolgen hawwe faak in [[titel (namme)|titel]] mei in [[getal]]. Dat is bygelyks it gefal mei de film ''[[Beverly Hills Cop]]'', dy't as ferfolgen ''[[Beverly Hills Cop 2]]'' en ''[[Beverly Hills Cop 3]]'' hat. Ek komt it foar dat der mei [[dûbele punt]]en en tafoechsels wurke wurdt, lykas by ''[[Independence Day (film út 1996)|Independence Day]]'', dat as ferfolch ''[[Independence Day: Resurgence]]'' hat. Ek kin it foarkomme dat sawol fan in getal as fan in dûbele punt plus tafoeging gebrûk makke wurdt, lykas by ''[[Terminator 2: Judgment Day]]'' of ''[[Star Trek VI: The Undiscovered Country]]''.