Kampen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L trochwizing derby, klear.
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
Lebel: Keppelings betsjuttingssiden
Rigel 26:
== Skiednis ==
[[File:Alde stedhûs fan Kampen.jpg|thumb|250px|left|''It âlde stedhûs (1350), weropbou nei brân yn 1543'']]
Op it plak dêr't it hjoeddeiske Kampen leit wie om it jier 1150 hinne al houten bebouwing. De namme Kampen komt lykwols net earder as yn 1227 foar. Yn it gemeenteargyf wurdt noch in hânfêst fan 24 septimber 1251 bewarre weryn't [[Abel fan Denemark|Abel]], kening fan [[Denemark|Denen]] en hartoch fan [[Jutlân]], de Ommelânfarders in privileezje jout. Kampen wie yn dy tiid al in wichtige stêd en hie in grutte float koggeskippen. Mei dy skippen waard de Ommelânfeart makke: de seereis om [[Denemark]] hinne nei de [[Eastsee]]. Dêr waard yn sâlt hannele, dat de Kamper koggen earder út [[Portugal]] hellen. Yn 1236 krige Kampen stedsrjochten, al is it hiel goed mooglik dat Kampen lykas [[Dimter]], [[Stienwyk]], [[Swol]] en [[Hasselt]] in stêd waard troch gewoanterjocht. It geunstige plak oan de drokke hannel tusken de [[Sudersee]] en de [[Ryn]] makke dat Kampen gaueftich fan ienfâldige delsetting útwoeks ta in rike hannelstêd en ien fan de machtichste stêden fan Noardwêst-Europa. Yn de 14e iuw ruilde Kampen mei biskop Jan fan Arkel de polder Mastenbroek tsjin it rjocht op groei yn de Iseldelte.
[[Ofbyld:LocatieKampen.png|right|315px|]]
It fersânjen fan de Isel makke sûnt 1430 stadichoan in ein oan de wolstân fan Kampen. Lang hiene de Kampers gjin nocht oan in bûn mei ekonomyske en politike ferplichtings lykas dat yn 'e Hânze wenst wie. Mar doe't it [[greefskip Hollân]] yn in kriich mei de Hânze fersile rekke, waard de stêd twongen in kar foar ien fan beide partijen te meitsjen. Kampen wie tradisjoneel mear oriïntearre op de Eastseehannel en mei it efterlân fan de Ryn en dêrom keas Kampen foar it Hânzebûn. De stêd krige yn de Hânze in soad ynfloed: tsjin it sin fan oare stêden waard yn 1448 besletten ta de bou fan in brêge oer de Isel om mear bining te krijgen met it efterlân. It wurk eine tige hurd en yn mar fiif moannen tiid wie de brêge foltôge. Troch it rjocht op groei yn de Iseldelte wie de stêd eigner wurden fan it jimmeroan grutter wurdende Kampereilân. Sûnt 1500 waarden de eilannen ferpacht en de ynkomsten wiene sa heech, dat Kampen gjin belesting hoegde te heffen. De [[Frânsk-Nederlânske Kriich]], doe't de Republyk tsjin it keninkryk [[Frankryk]], [[Sweden]], [[Prinsbisdom Múnster|Münster]], it aartsbisdom Keulen en it keninkryk [[Ingelân]] focht, soe in ein meitsje oan dy ûnbidich grutte macht fan de stêd.