Lânskip Drinte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling fan nl:
Rigel 3:
 
Sa waard it nei de [[Nederlânske Opstân]] part fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]], mar waard yn dy republyk net foar fol oansjoen. It wie wol sa dat it net deselde (legere) status as de [[generaliteitslannen]] hie, mar it hie gjin stimrjocht yn de Uny. It gewest hie wol har eigen Steaten en behearde har eigen finânsjen. Meidat it gebiet doetiids foar it meastepart út [[fean|heechfean]] bestie hie it gebiet mar in befolking fan likernôch 20.000 ynwenners. De drost fan Drinte, teffens gûverneur fan de wichtige festing [[Coevorden]] waard lykwols troch de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]] fan de Uny beneamd.
 
De lânskip Drinte makke fan 1795 ôf diel út fan de [[Bataafske Republyk]]. By de departemintale weryndieling fan 1798 waard it gebiet ûnderbrocht by it [[departemint fan de Alde Isel]], en yn 1802 by it [[departemint Oerisel]] fan it [[Bataafsk Mienebest]]. Yn de jierren 1805 -1806 waard Drinte dêr wer út losmakke, en waard it wer oantsjut mei 'lânskip'. Yn 1807 waard it [[departemint Drinte]] ynsteld as ûnderdiel fan it [[Keninkryk Hollân]]. Nei de anneksaasje fan it Keninkryk Hollân troch Frankryk yn 1810 waard it departemint ûnderbrocht by it [[departemint Westeriems]].
 
[[Drinte]] waard pas yn [[1815]] in folweardige [[provinsje]] yn it [[Keninkryk fan de Nederlannen]].