Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{histoarysk lânsdiel |namme = Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân <br><small>''Departement Stad en Landen van Groningen''</small> |bestean = <small>1802-1807</small> |flagge = |wapen = |lânkaart = 180px<br>''Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân (donkergrien rjochtsboppe)'' |lân = 20px Bataafsk Mienebest | bestjoerlike ienheid 1 = | namme bestjoerlike ienheid 1= | bestjoerlike ienheid..."
 
red
 
Rigel 22:
It '''departemint Stêd en Lannen fan Grinslân''' wie in Nederlânsk departemint fan it [[Bataafsk Mienebest]] en bestie fan [[1802]] oant [[1807]]. De haadstêd wie de stêd [[Grins (stêd)|Grins]].
 
Nei it oprjochtsjen fan it Bataafsk Mienebest yn 1801 waard by wet fan [[21 juny]] [[1802]] it departemintaal ferpartsjen fan it ryk fêstlein. It eardere [[departemint fan de Iems]] waard opspjalte en it eastlik part dêrfan foarme i departemint Stêd en Lannen fan Grinslân. De grinzen kamen oerien mei it eardere goa [[Stêd en Lân]] fan de [[Bataafske Republyk]] {1795-1798), mar befette no ek de eardere [[generaliteitslannen]] [[Westerwâlde]] en [[Wedde]]. It grûngebiet fan it departemint komt likernôch oerien mei de hjoeddeistige provinsje [[Grinslân]].
 
Nei it oprjochtsjen fan it [[keninkryk Hollân]] yn [[1806]] waard by wet fan [[13 april]] [[1807]] it departemintaal ferpartsjen fan it ryk fêstlein. De namme fan it departemint waard feroare ta it departemint Grinslân.