Willem de Volder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "'''Willem de Volder''', ek '''Wilhelm Gnapheus''', '''Willem van de Voldersgraft''' as '''Gulielmus Fullonius''', De Haach 1493 - Norden, 29 septimber 1568 wie in humanist, grifformeard geastlike, ûnderrjochter en skriuwer fan Nederlânsk komôf. == Libben == De Volder kaam fan in begoede famylje. Yn 1512 sette er útein mei in stúdzje yn Keulen. Fan 1522 oant 1528 wie er rektor fan de..."
 
Rigel 2:
 
== Libben ==
De Volder kaam fan in begoede famylje. Yn [[1512]] sette er útein mei in stúdzje yn [[Keulen]]. Fan [[1522]] oant [[1528]] wie er rektor fan de Latynske Skoalle yn De Haach. Hy wie doe ek warber as toaniielskriuwer. Syn toanielstik ''Acolastus'' (1528-1529) dy't er yn it [[Latyn]] skreau, hie reedlik grutte ynfloed yn de 16e -iuwske literêre kringen yn Jeropa. Dat toanielstik waard útfierd troc syn studinten yn [[1529]] en waard oerset nei it [[Dútsk]] yn [[1530]]] troch Georg Binder fan [[Zürich (stêd)|Zürich]]. Ek wichtich is syn beskriuwing fan it proses en de finzenis fan ien fan de earste protestantske martelders, [[Jan de Bakker]], ek wol Johannes Pistorius neamd, fan [[Woerden]]. De Volder hie tegearre my Bakker fêst sitten yn in finzenis yn De Haach, dochs kaam er der mei in mylde straf fan ôf. Dêrnei flechte er foar de [[ynkwisysje]] út de Nederlannen wei nei [[East-Prusen]] ta.
 
Yn [[Elbing]] (hjoed-de-dei Elbląg) waard De Volder fan [[1535]] oant [[1541]] rektor fan de Latynske skoalle, dy't er mei help fan it stedsbestjoer fan Elbing stifte. Hy liet syn studinten de Latynske toanielstikken ''Eloquentiae Triumphus'' en ''Morosophus'' útfiere. Ek yn Elbing krige er spul mei de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]]. Hy waard der fan fertocht om lutherske en doperske opfettings. Boppedat wie er boaske, wylst dat troch de tsjerke ferbean wie om't er offisjeel ta [[preester]] wijd wie.