Wikipedy:Skiednis fan Wikipedia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
p1267.nas8-asd3.dial.wanadoo.nl (oerlis)
Oerset.
LNo edit summary
Rigel 1:
It begjin fan de '''skiednis fan Wikipedia''' wie in petear tusken twa âlde [[Ynternet]]freonen, [[Larry Sanger]], haadredakteur fan [[Nupedia]] en [[Ben Kovitz]], in [[Kompjûter|kompjûter]]programmeur en bèta-wittenskipper, op de jûn fan 3 jannewaris [[2001]] yn [[San Diego]], [[Kalifoornje]]. Kovitz wie op dat stuit part fan in oar [[Wikipedy:Wat is in wiki|wiki]]-projekt, en doe't hy it konsept oan Sanger útlei, betocht dy fuortendaalks dat in wiki tige geskikt wêze koe foar it opsette fan in projekt dat iepener, en net sa formeel, wie as Nupedia. Fjouwer moannen earder hienen Sanger en syn baas Jimmy Wales, presidint-direkteur fan Bomis, Inc., al ris praat oer op hokfoar wize njonken Nupedia in iepener, oanfoljend projekt te begjinnen wie. Dus wie it net sa'n probleem foar Sanger en bepraat Wales en begjin in wiki foar Nupedia. Nupedia's earste wiki waard aktyf op 10 jannewaris 2001. Mar fan de kant fan de skriuwers en redakteuren fan Nupedia kaam protest tsjin in plan om Nupedia sa ticht mei in [[Webstee|webstee]] yn wikifoarm te ferbinen. Dêrom krige it nije projekt 15 jannewaris de namme 'Wikipedia', en in eigen adres op it web. (Sjoch ek [[Wikipedia en Nupedia]]).
 
Troch publikaaksjes op it Ynternet is it tal fan dielnimmers hurd omheech gongen. En syktjinsten en oare webportealen stjoere noch hierltyd mear minsken nei de Wikipdia.. Op 12 februaris 2001 wie de earste mylpeal helle:1000 siden. Op dat stuit wie de waakst sawat 1000 side. De 10.000 wie helle op 7 septimber 2001, en de waakst giet alsmar hurder. In desimber [[2002]] hat de Ingelsktalige it oarspronklike doel fan 100.000 siden helle, mar it hâld net op..
 
=== Wikipedia internationaal ===
De earste, en ek de grutste fan de Wikipedia's is dus de [http://en.wikipedia.com/ Ingelsktalige Wikipedia]. Yn maaie 2001 is de Wikipedia begûn mei oare talen, en op it ein fan dat ier wienen der al sa'n achttsjin oare Wikipedia's. Hoe grut al dy Wikipedia's no binne kinne jo yn de (Nederlânske) [http://nl.wikipedia.org/wiki/Wikipedia:statistieken Wikipedia statistieken] lêze.
 
=== Fryske Wikipedia ===
 
Dizze Fryske Wikipedia is begûn op 2 septimber 2002. Oan't no ta rint it hjir noch net sa hurd Mar krekt as de oare Wikipedia's wurdt dit úteins in komplete ensyklopedy. Utopisk? Och nee, wat mear mensken meidogge, wat hurder as it giet. It spul moat oan it rôljen brocht wurde, dus sis it fuort! Sjoch ek [[Wikipedy:Meiwurkje oan de Fryske Wikipedia]] en [[Wikipedy:Werom soe ik meidwaan|Werom soe ik meidwaan?]].
 
=== Wa binne de minsken efter de Wikipedia? ===
[[Bomis]], Inc betelle yn't earst twa minsken, de oprjochters fan Wikipedia Larry Sanger en Jimmy (Jimbo) Wales, de eigner fan Bomis, om aan it projekt te wurkjen en der in soart fan lieding oan te jaan. Letter is Larry Sanger gewoan frijwilliger wurden by de Wikipedia. Jimbo Wales hat hieltyd noch spesjale ferantwurdlikens en sjoch der op ta dat it projekt bliuwt sa't it bedoeld wie. In de rin fan de tiid binne oaren meiferantwurdlik wurden.
 
Op de Frysketalige Wikipedia kinne de minsken fan Bomis fansels net sa maklik sjen of alles noch giet sa't it bedoeld wie, om't se de taal net lêze kinne. Dus eltsenien dy't meidocht is hjir in bytsje meiferantwurdlik foar it rinnen fan it projekt. (Sjoch ek [[Wikipedy:Oanspraaklikens|Oanspraaklikens]].) Diskusjes oer de foarm en inhâld dy't mear as ien Wikipedia oangean wurde fiert op de oangeande Ingelsktalige oerlissiden (sjoch ûnderoan harren [[HomePage|haadsideHaadside]]). Belied, rjochtlinen, en dat soarte fan dingen wurde behannele op de Wikipedia diskusjelisten.
----
Sjoch ek de [[Wikipedy:FAQ|FAQ]].