Marsum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
red
Rigel 36:
[[Ofbyld:Marsum, Deinum, Boksum en Blessum States.jpg|thumb|left|200px|''States om Marsum'']]
Marsum ûnstie op in [[terp]] dy't al foar de jiertelling bewenne waard. Mooglik hat dy terp mar foar in skoftke bewenne west. Om it jier 1000 hinne waard it plak in krúspunt fan de seedyk nei [[Boalsert]] en in seedyk, dy't de [[Middelsee]] foar in part ôfslette. De [[Pontianustsjerke (Marsum)|Pontianustsjerke]] datearret fan 'e 12e iuw.
[[Ofbyld:Poptaslot, Marsum (2022).jpg|thumb|260px|''Poptaslot of HeringstateHeringastate'']]
It doarp waard yn 1275 al as 'Mersum' skreaun en yn 1471 as 'Marssum'. De stavering 'Marsum' wurdt yn de 18e iuw foar it earst skreaun. De plaknamme soe ferwize kinne nei in wenplak (hiem/um) by in breed wetter. Mar it soe ek ferwize kinne nei de persoan 'Mer', al is dat net sa oannimlik.
 
Troch de iuwen hinne groeide Marsum stadichoan. Yn de 15e iuw waard súdlik fan it doarp troch de Heringa's it [[Poptaslot]] of HeringslotHeringaslot boud. Sûnt de 20e iuw leit it Poptaslot yn it doarp sels. De eartiidske haven fan Marsum bestiet net mear, allinne de strjitnamme ferwiist dêr noch nei.
 
Yn 1984 waard it noardeastlike bûtengebiet fan MarssumMarsum by Ljouwert foege, sadat de [[Fleanbasis Ljouwert|fleanbasis]] hielendal yn ien gemeente falt. It gebiet tusken Marsum, Deinum, [[Boksum]] en Ritsumasyl is yn 2018-2019 rekréatyf ferbettere. Tusken de doarpen is it [[Boksumer Soal]] befarber makke, der binne haventsjes kommen en by Marsum is sels in stikje strân oanlein.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/nl/nieuws/891949/veel-belangstelling-voor-nieuw-strand-bij-marsum Omrop Fryslân, 29 juny 2019]</ref>
[[File:Poptaslot, monumintale Kastanjebeam.jpg|thumb|260px|''Monumintale kastanjebeam by it Poptaslot'']]
== Gebouwen ==
[[Ofbyld:Pontianustsjerke fan Marsum (2022).jpg|thumb|260px|''Pontianustsjerke'']]
* Yn it doarp stiet it [[Poptaslot]] of Heringastate, oarspronklik in [[stins]] dy't om 1500 hinne troch de famylje Heringa boud is. It gebou hat unike bedsteeën út [[1540]] en in [[17e iuw|17e]] - en [[18e iuw]]sk ynterieur dy't besjoen wurde kinne by de rûnliedings yn de simmermoannen.
* Oan 'e Hegedyk en de Buorren stiet it [[Poptagasthûs]], dat de status fan [[ryksmonumint]] hat.
* Justjes bewesten Marsum stiet de [[Marsumermûne]], in [[muonts]] út 1903.
Rigel 52:
[[Ofbyld:Marsumermûne, Marsum (2022).jpg|thumb|260px|''Marsumermûne'']]
== Mienskip ==
Der is in doarpshûs Nij Franjum en in feriening foar Doarpsbelang. Ienris yn it jier is de ferkiezing fan 'Marsumer fan it Jier', dy't dan de [[Fergulde Biezem]] útrikt krijt. Yn de Nieuwskruier stiet it pleatslik nijs. Unia is it sportkompleks oan de Veemanstrjitte.
[[File:Poptagasthûs fan Marsum (2022).jpg|thumb|260px|''Poptagasthûs'']]
=== Ferienings ===