Us Heit (bier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Skiednis: noch wat
Rigel 7:
Meidat it bedriuw grutter waard, gie de produksje yn [[1990]] oer nei it eardere fabryk fan Philips op yndustryterrein Houkesleat yn [[Snits (stêd)|Snits]]. Doe't de Hegere en Middelbere Skoalle foar Libbensmiddelentechnology fan Boalsert nei Ljouwert ferhuze kaam romte frij foar de brouwerij. Der kaam in priuwlokaal en in museum yn, dêr't mei rûnliedings it brouproses útlein waard.
 
Hast alle apparatuer en ynstallaasjes binne sûnttiids ferfongen. De kapasiteit gie yn 2000 fan 10 hl nei 20 hl it brousel. Ein [[2002]] komt der ek in distillearderij by. Ut eigen ambachtlik bier wurdt [[whisky]] stookt ([[Frysk Hynder (whiskey)|Frysk Hynder Whisky]]), dat kin meidat de produkten beide fan de grûnstoffen [[garst]] en wetter makke wurde. In oar produkt fan 'e distillearderij is Frysk Famke [[Kofjelikeur]].
 
Ein novimber [[2008]] komt der ek noch in eigen mouterij. It bier en de 'single malt whisky' wurde no fan eigen mout makke.