Lyckle Eables: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
Rigel 1:
{{wurk}}
'''Lyckle Eables''' ([[1 jannewaris]] [[1458]] - [[1 febrewaris]] [[1537]]) út [[Stienwyk]] is de stamfaar fan de famylje [[Lycklama à Nijeholt]]. As [[biedwurd]] brûkte er: ''Deugd allinne''.
 
== Biografy ==
As [[grytman]] fan [[Stellingwerven|Stellingwerf]] (1512), fan [[Skoatterlân]] en [[Weststellingwerf]] ([[1517]]) en erflik fan Weststellingwerf [[1524]] - [[1534]] wenne er op de [[stins]] [[Friesburg]] yn [[Nijeholtpea]]. Eables wie Saksysk-Boergondysk gesind. Syn stins waard yn 1514 troch Gelderske troepen belegere en plondere. In jier letter, yn 1515, baarnde de stins op St. Anthoniusdei oan de grûn ta ôf.<ref>Tegenwoordige Staat van Friesland (1788), diel III, s. 599-600.</ref><ref>[http://www.stinseninfriesland.nl/Friesburg.htm Friesburg]</ref> De hartoch fan Saksen hie syn rjochten op Fryslân ûnderwilens op 19 maaie 1515 ferkocht oan de lettere [[keizer Karel V]]. De eardere skea fan Eables bleau net ûngemurken. De troch Karel beneamde steedhâlder fan Fryslân, [[Floris van Egmont]], fergoede Eebles syn skea troch him by de splitsing fan Stellingwerven, yn ''Stellingwerf-Oosteinde'' ([[Eaststellingwerf]]) en ''Stellingwerf-Westeinde'' ([[Weststellingwerf]]), op 18 febrewaris [[1517]] te beneamen ta grytman fan de gritenijen ''Stellingwerf-Westeinde'' en [[Skoatterlân]].
Keizer Karel V beleanne him nochris foar syn ynset, troch him op 11 oktober [[1524]] ta grytman fan Weststellingwerf te beneamen, in funksje dy 't twa dagen letter op 13 oktober 1524 troch de keizer erflik ferklearre waard.
 
Hy wie trout met Johanna<ref>[https://www.slideshare.net/sneuperdokkum/lycklama-a-nijeholt-in-nederlandsche-leeuw-2017 De Nederlandsche Leeuw, desimber 2017]</ref>.