Hauk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
De '''hauk''' (''Accipiter gentilis'') is in krêftige [[rôffûgels|rôffûgel]].
 
In folwoeksen hauk kin in lingte hawwe fan tusken de 49 - 66 sm. Hy hat koarte, brede [[Wjuk|wjukken]] en in lange, hast fjouwerkante [[sturt]]. In folwoeksen hauk hat in wite streek boppe it [[each]], in swarte krún en donkere [[Fear (fûgel)|fearren]] yn de earstreek. It fearrekleed fan in mantsje is boppe-oan brún en ûnderoan skierwyt mei tinne grize bannen. It wyfke is folle grutter mei boppe-oan in laaigriis nei brunich fearrekleed en ûnderoan griis mei tinne brunere bannen. In jonge hauk hat boppe-oan in brún fearrekleed en ljocht mei brune lingtestreekjes ûnderoan. Boppedat is de wite eachstreek minder opfallend.
 
In hauk is in stille fûgel. Allinnich yn de briedtiid kin men fan ferskate soarten gekekker hearre.