Alfredo Binda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FreyaSport (oerlis | bydragen)
Dielname oan grutte omgongen en Ploegen
FreyaSport (oerlis | bydragen)
Alfredo Binda
Rigel 1:
{{wurk}}
{{Ynfoboks sporter
| ôfbylding = Alfredo Binda 3.jpg
Line 28 ⟶ 27:
}}
'''Alfredo Binda''' ([[Cittiglio]], [[11 augustus]] [[1902]] - [[Cittiglio]] [[19 july]] [[1986]]) wie [[Itaalje|Italjaansk]] [[hurdfytser]] en wie earste hurdfytser dy't fiif kear de [[Omgong fan Itaalje]] wist te winnen. Dêrneist waard Binda trije kear wrâldkampioen hurdfytsen.
 
==Karriêre==
Binda waard berne yn Cittiglio, [[Lombardije]], yn in húshâlding mei tsien bern. Hy spile trompet by de gemeentlike [[Harmonyorkest|harmony]] fan syn doarp en hold ek fan fytsen. Mar de húshâlding wie earm. Tegearre mei syn broer Primo emigrearre er nei [[Nice]], dêr't se ûnderdak fûnen by famylje.
 
Oan de [[Côte d'Azur|Frânske Rivièra]] ûntbrekt it net oan wurk, en oan fytswedstriden likemin. Hjir ûntdekt de jonge Binda syn balâns: fjouwer dagen yn 'e wike sil er nei skoalle ta, foar lessen yndustrieel tekenje en trije dagen yn 'e wike traint er op syn fyts.
 
Binda is foaral te werkennen oan syn sylhûet, dat nearne mei te ferlykjen is. In hear dy't stevich yn it seal sit, en dy't foarsichtich fan rjochting feroaret om stiennen, balstiennen of strûken op 'e dyk te omsilen.
 
Troch syn styl en syn oerwinningen is Binda ien fan de grutsten yn it hurdfytsen yn dy tiid. Hy is de iennige grutte kampioen dy't troch de organisatoaren frege waard net diel te nimmen oan harren wedstriid om de spanning te behâlden. Sa ek yn de [[Omgong fan Itaalje 1930|Omgong fan Itaalje fan 1930]]. Op syn namme steane dan al fjouwer edysjes fan de Omgong fan Itaalje, [[Omgong fan Itaalje 1925|1925]] en [[Omgong fan Itaalje 1927|1927]] oant en mei [[Omgong fan Itaalje 1929|1929]] wêryn't er tolve fan de fyftjin ferriden etappes wûn, 1928 en 1929. Men smeket him dus om thús te bliuwen, en as kompensaasje krijt er de grutste preemje dy 't ea útrikt is: 22.500 lire, wat doe oerienkaam mei it prizejild foar de einoerwinning en inkelde etappe oerwinningen. Wat bliuwt is de grandeur fan de útblinker, in grandeur dy't yllustrearre wurdt troch oare oerwinningen op heech nivo, wêrûnder syn trije triomfen as wrâldkampioen – yn [[1927]] op de [[Nürburgring]], yn [[1930]] yn [[Luik (stêd)|Luik]] en yn [[1932]] op in sirkwy yn [[Rome]].
 
Hy wint de Omgong fan Itaalje yn totaal fiif kear, behellet der 41 etappe oerwinningen – inkeld [[Mario Cipollini]] sil it letter better dwaan mei 42 oerwinningen – en giet sechstich dagen oan kop fan de omgong, in bûtengewoane bút. Mar ôfsjoen fan it tal suksessen dat er boekt, draacht er in ferpletterjende superioriteit mei, dy't er sawol by it sprinten as yn it beklimmen tentoanstelde.
 
Hy fytst de [[Omgong fan Frankryk]] ien kear. Hy trotsearret de Tour sûnder entûsjasme yn [[Omgong fan Frankryk 1930|1930]], wint twa etappes efterinoar yn [[Pau]] en [[Luchon]] en moat him nei in fal weromlûke út de wedstriid. Yn [[Novi Ligure]], yn [[Milaan-San Remo]] yn [[1936]], brekt er troch in fal syn bilbonke en moat twongen om in punt sette efter syn karriêre.
 
== Nei it hurdfytsen ==
Nei syn karriêre as hurdfytser wurdt Binda ploechlieder fan Italiaanske teams; hy liedt teams: yn [[Omgong fan Frankryk 1948|1948]] mei [[Gino Bartali]], yn [[Omgong fan Frankryk 1949|1949]] en [[Omgong fan Frankryk 1952|1952]] mei [[Fausto Coppi]] en yn [[Omgong fan Frankryk 1960|1960]] mei [[Gastone Nencini]] troch de Omgong fan Frankryk. Dêrneist wurdt er bûnscoach fan Itaalje, yn de tiid dat sawol Fausto Coppi as [[Ercole Baldini]] wrâldtitel feroverje. Ek hat er hege funksjes beklaaid binnen ynternasjonale hurdfyts organisaasjes.
 
== Dielname oan grutte omgongen ==