Haadling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L sa kloppet it neffens my better
Aliter (oerlis | bydragen)
Nei 1500
Rigel 1:
In '''Haadling''' (meartal: ''Haadlingen''), wienen oarspronklik de keazen lieders by de [[Germanen|Germaanske]] folken, lykas de [[Friezen]]. It wie gjin [[adel|aadlik]]e titel mar betsjutte ''wichtich persoan''. Mei de tiid waarden sy persoanen of ynfloedrike famyljes dy't in soad lân hienen en bestjoerlike en juridyske foech útoefenen.
 
==Untstean==
Rigel 7:
 
==Midsieuwen==
Yn de [[Midsieuwen]], doe't by de measte folken de funksje fan haadling oernommen waard troch eallju, bleau by de Friezen de funksje fan haadling bestean. Sy wienen foaral persoanen of ynfloedrike famyljes fan boeren dy't in soad lân hienen. Doe it greeflik gesach yn [[Fryslân]] ophâlde en itin nij tiidrek fan de [[Fryske frijheid]] begûn, krige dizze haadlingen in protte macht. Yn doarpen of gebieten beskikten sy oer bestjoerlik en juridysk foech. As teken fan harren macht, mar ek as ferdigening yn de [[Skieringers en Fetkeapers|partijstriid]], bouden sy [[stins|stinzen]], fersterke stiennen huzen. Der kaam in ein oan de macht fan de haadlingen in de [[15e ieu]].
 
== Nederlannen ==
Der kaam in ein oan de selsstannich macht fan de haadlingen oan 'e ein fan de [[15e ieu]] en it begjin fan de 16e ieu. De Saksyske Hartoggen, en nei harren de Boergondyske Keizers hawwe mei privileezjes de measte haadlingen oan it lânsbewâld bûn. Yn guon gefallen krige in haadling in aadlike titel, de oare privilegearde haadlingen neamden sich ''hearskip'' of ''jonker''. Troch de 16e en 17e ieu hienen dizze hearskippen noch in grutte ynfloed op it bestjoer fan Fryslân, mei't hja faak de, hast erflike, funksje fan [[grytman]] hienen. Earst yn de [[Bataafske Republyk]] kaam der in ein oan dizze bestjoerlike macht.
 
[[kategory:skiednis]]