Leontien Ceulemans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
wurk
Rigel 17:
}}
'''Johannah Leontina (Leontien) Ceulemans''' ([[Amsterdam]], [[8 jannewaris]] [[1952]] - [[Laren (Noard-Hollân)|Laren]], [[28 july]] [[2022]]) wie in [[Nederlân]]ske [[aktrise]] en [[presintatrise]] dy’t fral bekend wurden is as de earste nijslêzeresse fan it [[NOS-jeugdsjoernaal]].
 
Se debutearre yn 1971 op it toaniel ûnder de namme Leontien Lukassen yn it [[blijspul]] ''Hartenvrouw'' fan [[William Douglas Home]], nei't se earder in lytse rol hie yn de [[telefyzjesearje]] ''Joop ter Heul''.
 
Se spile fierder ûnder oare yn:<ref>[http://theaterencyclopedie.nl/wiki/Categorie:Uitvoerende_Leontien_Ceulemans Theaterencyclopedie.nl]</ref>
* 1975 ''[[Oorlogswinter (telefyzjesearje)|Oorlogswinter]]''
* 1976 ''Een Vuile Egoïst'' tsjinoer [[Guus Hermus]]
* 1980 ''Benjamin in het leger''
* 1980 ''De meiden''
* 1991 ''Spel''
* 1992 ''Terug van weggeweest''
* 1994 ''De extravagante mr. Wilde''
 
Doe't sy trije jier wie makke se har debút al yn it radioprogramma ''[[Kleutertje Luister]]'' fan de [[AVRO]]. Nei in ferskaat oan optredens yn radio- en telefyzjeprogramma's (sa as ''[[Swiebertje]]'' en ''[[Oorlogswinter (rige)|Oorlogswinter]]'') waard se yn 1980 frege om it Jeugdsjoernaal te presintearjen.
 
Sy hat trije jier foar it ''Jeugdjournaal'' wurke en gie dêrnei fierder mei it presintearjen fan ferskate programma's foar de [[publike omrop]]. Febrewaris 1991 stie Ceulemans yn [[Playboy Magazine]]. Ek hie hja in [[gastrol]] yn de RTL-soaprige ''[[Goede tijden, slechte tijden]]''
 
Ceulemans spruts foar de Nederlânske ferzje fan ''Een luizenleven'' de stim yn fan de keninginne.
 
Leontien Ceulemans wie in dochter fan aktrise [[Hetty Berger]] en gitarist [[Jan Ceulemans (gitarist)|Jan Ceulemans]].
 
Sy stoar yn de âldens fan 70 jier yn it [[Rosa Spier Hûs]]. Ceulemans joech har lichem ta foldwaan oan de wittenskip.<ref>[https://www.ad.nl/show/nos-presentatrice-en-actrice-leontien-ceulemans-70-overleden~a4f28b9e/ ''NOS-presentatrice en actrice Leontien Ceulemans (70) overleden'']</ref>
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{Reflist}}
}}
 
{{DEFAULTSORT:Ceulemans, Leontien}}