Stege: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
[[]]
Rigel 4:
In '''stege''' of '''steech''' is in smelle strjitte yn in beboude omjouwing dy't gjin funksje foar trochgeand ferkear hawwe.
 
Yn [[stêden]] dy't in foar it grutste part midsiuwsk strjittepatroan hawwe, lykas de binnenstêd fan [[Amsterdam]], wiene fan âlds in soad stegen. Se ûntsleaten oarspronklik de iepen romte achter gebouwen oan strjitten en grêften. Earmelju, it grutste part fan de befolking, wennen oant 1900 en ek noch wol dêrnei massaal oan stegen en gloppen. De parten fan in stêd of doarp mei stegen waarden faak oantsjut as efterbuert of sloppewyk. Ek yn lytsere plakken wiene stegen dêr't minsken fan lege stân yn primitive omstannichheden ticht opelkoar libben hiel gewoan.
 
In al yn de sechstjinde iuw bekende útdrukking seit dat "men stegen voor straten moet kennen". Dêrmei waard bedoeld dat men ûnderskied meitsje moast tusken minsken fan ferskate rang en stân en dêrmei rekken hâlde moast.
 
Fryske terpdoarpen[[terpdoarp]]en hawwe faak stegen om de tsjerke hinne. Bygelyks yn [[Nijewier]], [[Mitselwier]] en [[Ingwierrum]] hawwe stegen op de terp.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=