Hubertus fan Luik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Exhumation_of_Saint_Hubert.jpg ferfongen troch Rogier_van_der_Weyden_-_Exhumation_of_St_Hubert_-_WGA25714.jpg (troch CommonsDelinker om't: [[:
 
Rigel 64:
 
Hubertus sette nei it fizioen fuort ôf nei [[Maastricht]], want dêr wie Lambertus biskop. Lambertus helle him freonlik yn en begeliede Hubertus yn religieuze saken. Hubertus die ôfstân fan alles en joech syn berterjochten yn Akwitaanje troch oan syn jongere broer [[Odo fan Akwitaanje|Odo]], dy't ek op syn soan Floribanne passe moast. Nei't er al syn besit ferdield hie en foar preester studearre hie, waard er ynwijd en ien fan Lambertus' neiste meiwurkers yn it bisdom. Op oantrunen fan Lambertus makke Hubertus yn 708 in pylgertocht nei [[Rome (stêd)|Rome]]. Mar wylst Hubertus yn Rome wie, waard Lambertus fermoarde troch oanhingers fan Pepyn. Hilligebeskriuwings wolle ha dat de paus yn in fizioen fan de moard op de hichte steld waard en dat yn dat fizioen Hubertus as opfolger oanrikkomandearre waard.
[[File:Rogier van der Weyden - Exhumation of SaintSt Hubert - WGA25714.jpg|thumb|260px|<center>''It opgraven fan Sint-Hubertus ([[Rogier Van der Weyden]], ± 1437)''</center>]]
Hubertus waard de opfolger fan Lambertus en ferdielde syn ynkomsten as biskop ûnder de earmen. Hy wie krigel en sekuer yn de fêstel- en gebedstiden en ferneamd fanwegen syn preken op de kânsel. Yn 720 liet Hubertus it omskot fan Lambertus opgrave en yn in grutte prosesje yn oanwêzigens fan biskoppen út oanbuorjende bisdommen oerbringe nei [[Luik (stêd)|Luik]], dêr't Lambertus de martlersdea ferstoar. Oer it nije grêf yn Luik, dat doe noch mar in lyts doarpke wie, waard in basilyk boud en in jier letter waard it in katedraal doe't it bisdom fan Maastricht nei Luik ferhûze.