Michaïl Gorbatsjov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Lebel: Keppelings betsjuttingssiden
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Rigel 72:
Gorbatsjov waard yn 1931 as soan fan Kolchoze-boeren yn Privolnoje berne, in doarpke by [[Stavropol]] yn it noarden fan de [[Kaukasus]]. Syn heit wie Sergei Andrejevitsj Gorbatsjov (1909-1976) en fan Russyske komôf, wylst syn mem Maria Pantaleevna Gorbatsjov (berne Gopkalo, 1911-1995) fan [[Oekraïne|Oekraynske]] komôf wie.
 
Alle twa pake's fan Michaïl Gorbatsjov hiene yn de jierren 1930 te meitsjen mei de ûndrukkingûnderdrukking ûnder [[Jozef Stalin|Stalin]]. Syn pake fan syn heite kant, Andrei Moisejevitsj Gorbatsjov (1890-1962), waard as boer nei Irkûtsk ferballe, mar nei twa jier wer frijlitten. Yn syn bertestreek wurke dy oant syn dea yn in kollektive buorkerij. De pake fan syn memme kant, Pantelei Efimovitsj Gopkalo (1894-1953) stamde oarspronklik út in boerelaach út de konotrijenkontrijen fan [[Tsjernihiv]] en waard yn 1937 arrestearre op fertinking fan [[trotskisme]] en foar 14 moannen opsletten.
 
Doe't Michaïl 10 wie waard syn heit nei it front stjoerd. Wylst syn heit tsjin de Dútsers focht waard Privolnoje troch de [[Wehrmacht]] beset. De besetting duorre fiif moanne en op 21 en 22 jannewaris 1943 folge de befrijing troch it [[Reade Leger]]. Fuort nei de befrijing krigen de de famylje in berjocht dat Sergei Gorbatsjov ferstoarn wie. In pear dagen letter folge der noch in berjocht dat er libbe, it rouberjocht wie mei fersin ferstjoerd.
 
Al ier wurke de jonge Michaïl mei oan it binnenheljen fan de rispinge. Foar syn wurk op de buorkerij waard Michaïl yn 1949 ûnderskieden mei de Oarder fan de Reade Flagge fan Arbeid. Hy joech him by de jongereinbeweging [[Komsomol]] en krige yn 1950 permisje om yn Moskou rjochten te studearjen oan de Steatsuniversiteit fan Moskou.