Michaïl Gorbatsjov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Rigel 88:
Under Andropov wie al in earste oanset dien ta glasnost (iepenheid). It wie in tiid dat in net goed gyng mei de planekonomy, de yndustry wie ferâldere, der wiene tekoarten, de technology bleau efter en de kosten fan de wapenwedrin waarden te djoer. Sa ferlear de Kommunistyske Partij jimmeroan mear oansjen. Dêrnjonken eine it net mei de oarloch yn Afganistan. It wie Gorbatsjov wol dúdlik dat der herfoarmings nedich wiene. Hy woe mear frijheid foar de minsken en yn de ekonomy. Dat brocht Gorbatsjov ta de 'perstrojka', dat wol sizze de ferbouwing fan de Sovjet-Uny.
[[Ofbyld:President Ronald Reagan and Nancy Reagan with Soviet General Secretary Mikhail Gorbachev and Raisa Gorbachev.jpg|thumb|left|250px|De Gorbatsjov's en de Reagan's yn 1987]]
TegearreEk tegearre mei syn frou, dy'tjoech er him, hiel oars as desyn foargongers, joech er him in soad ûnder de minsken. Raisa beselsippe har man as in 'first lady' ek yn it bûtenlân en ek dat wie in brek mei it nochal âlderwetske .
 
Gorbatsjov helle de bannen mei it Westen oan en yn desimber 1987 ûndertekene Gorbatsjov in ûntwapeningsoerienkomst mei [[Ronald Reagan]] foar de ferneating fan kearnraketten foar de middelberemiddellange ôfstân. Yn 1989 liet er nei njoggen jier striid de lêste troepen út Afanistan werom helje.
 
Troch de nije iepenheid ûntstiene der lykwols ek nasjonale bewegings yn de lannen dy't by it Eastblok hearden. Gorbatsjov hie militêr yngripe kind, mar hy wegere dat en joech dêrmei swijend syn tastimming dat de kommunistyske regearings ôfset en ferfongen waarden troch demokratyske regearings. Njonken de Eastbloklannen ûntstie der ek jimmeroan mear ûnrêst yn de Sovjet-republiken.
 
== Feriening fan East- en West-Dútslân ==