Michaïl Gorbatsjov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Rigel 117:
Op 17 maart 2014 ferwolkomme Gorbatsjov de resultaten fan it referindum op de Krim oer de oansluting by de Russyske Federaasje. Sûnder it folk te freegjen wie de Krim neffens âlde Sovjet-wetten oerdroegen oan de Oekraïne en neffens Gorbatsjov hie it folk mei it referendum dy histoaryske fout sels korrizjearre. Soks soe neffens Gorbatsjov tajubele wurde en hy feroardiele de sanksjes fan de Feriene Steaten en de Europeeske Uny tsjin Ruslân. Gorbatsjov sei dêroer: 'Foar sanksjes binne tige earnstige redenen nedich en de Feriene Naasjes moatte dêr efter stean. De wil fan it folk fan de Krim foarmet gjin basis foar it ôfkundigjen fan sanksjes.<ref>[https://www.interfax.ru/russia/365216 Interfax, 17 maart 2014]</ref>
 
Gorbatsjov warskoge yn 2015 yn [[Der Spiegel]] dat de minne relaasjes tusken Ruslân en it Westen oer de Oekraïne liede koene ta in grut konflikt. Hy stelde fêst dat de útwreiding fan de [[NAFO]] nei it easten de Europeeske feilichheidsarsjitektuer, lykas dy yn de Helsinki-akkoarden (1975) binne fêstlein, ferneatige hie. Neffens Gorbatsjov wie de 'útwreiding nei it easten in ommekear fan 180 graden, dy't ôfwykte fan it [[Hânfêst fan Parys foar in nij Europa]] dat yn 1990 troch alle Europeeske steaten ûndertekene waard om de Kâlde Kriich foar ivich efter ús te litten'. Yn it fraachpetear joech Gorbatsjov krityk op de 'arrogante wegering fan it Westen om yn te gean op Russyske útstellen fan bygelyks [[Dmitri Medvedev]] om meiïnoar te oerlizzen oer in nije feilichheidsarsjitektuer yn EuropEuropa'.<ref>[https://www.spiegel.de/international/world/gorbachev-warns-of-decline-in-russian-western-ties-over-ukraine-a-1012992.html Der Spiegel, 16.01.2015]</ref> Neffens Gorbatsjov moasten Westerske lannen harren ôfsidich hâlde fan wat der yn de Oekraïne barde, om't it dúdlik wie dat in soad minsken yn it lân der nei stribben in nije skieding yn Europa te kreëarjen.
[[Ofbyld:Gorbachev 2019.jpg|thumb|left|250px|''Gorbatsjov yn 2019'']]
Fanwegen syn stipe foar de Russyske anneksaasje fan de Krim krige Gorbatsjov op 26 maaie 2016 in ferbod fan de Oekraïne fan fiif jier om it lân yn te reizgjen. 'Ik ha altiten de frije miening en de wil fan it folk stipe en it grutste diel fan de Krim woe in feriening mei Ruslân' sei Gorbatsjov.<ref>[http://special.tass.ru/mezhdunarodnaya-panorama/3316350 Parseburo TASS, 16 maaie 2016 (argyf)]</ref> Ek sei er dat er al lang net mear yn de Oekraïne west hie en ek net fan doel wie om it lân in besite te bringen.