Alarik I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: tr:I. Alaric
útwreiding noch net klear
Rigel 1:
'''Alarik I''' wie kening fan de [[Fisigoaten]] tusken [[395]] en [[410]]. Yn de funksje fan generaal tsjinne hy yn it Romeinske leger, letter kearde hy him tsjin it [[Romeinske Ryk]]. Oan de delgong fan dit ryk hat syn optreden yn de skiednis ek oan meiwurke. Hy wie de earste Germaanske leider dy't [[Rome]] ynnaam.
 
{{wurk}}
[[Ofbyld:Eroberung roms 410.jpg|right|thumb|250px|De ynname fan Rome yn 410]].
'''Alarik I''' ([[360]]- [[410]]) wie kening fan de [[Fisigoaten]] tusken [[395]] en 410. Yn de funksje fan generaal tsjinne hy yn it Romeinske leger, letter kearde hy him tsjin it [[Romeinske Ryk]]. Oan de delgong fan dit ryk hat syn optreden yn de skiednis ek oan meiwurke. Hy wie de earste Germaanske leider dy't [[Rome]] ynnaam.
 
==Opkomst==
Alarik stamme ôf út in âld Fisigoatyske keningslaach, de [[Balten ]] en waard berne op in eilân [[Peuke]] oan de mûning fan de [[Donau]]. Doe't syn folk de sudlike grinzen mei it Romeinske ryk oerstutsen wie hy in jier of fyftjen âld. Op jonge leeftyd die hy mei oan de [[Slach by Adrianopel]] en de gefjochten dêrnei tsjin de Romeinen.
 
Under keizer [[Teodosius de Grutte]] makke hy opgong yn it Romeinske leger. Yn [[394]] stride er oan de side fan de Romeinske keizer tsjin de usupator [[Eugenius]] dy't yn de [[slach oan de Frigidus]] ferslein waard. Doe yn jannewaris [[395]] keizer Teodosius kaam te stjerren, hie syn oerbefelhawwer en plakferfanger regint [[Stilicho]] lykwols de Fisigoaten fan Alarik net nedich en stjoerde him mei syn soldaten werom nei harren wengebieten yn [[Moesja]]. Dat wie Alarik net nei it sin, omdat er sels in hege posysje ferwachte hie te krijen by it Romeinske leger. Yn stee fan him fuort stjoere te litten kaam er mei syn folk yn opstân sa gau de situaasje der ree foar wie. De Fisigoaten keazen Alarik ta harren kening, dermei wie hy sûnt de delgong fan it eardere keninkryk yn Roemeenje de earste offisjele kening dy’t opnei troch alle stammen folgen wurde soe.
 
==Yn opstan tsjin de Romeinen==
Dy tiid kaam al gau doe't Stilicho mei syn leger op wei wie nei harren Italjaanske garnizoenspleatsen en de jonge keizer fan it Easten [[Arkadius]] ûnder it plak kaam fan syn riedshear [[Eutropius]]. Hiel ienfâldich koe Alarik [[Grikelân]] ynfalle en plonderjen. Derby moetsje hy gien inkeld tsjinstân. Sa gau hy him mei syn leger sjen liet begûnnen de stêden te ûnderhandeljen en kochten him ôf.
 
Yn [[397]] kaam Stilicho it easten te help. Hy sette syn leger mei skippen oer nei Korinte en hie it plonderjende Fisigoatysk leger fuort yn 'e knipe. Alarik siet yn de tang en moast him oerjaan. Brûk makkend fan de situaasje krong er by keizer Arkadius oan, Eutropius hinne te stjoeren en him yn 'e plak as riedsman te nimmen. Doe Arkadius syn foarstel ôfwize, keas Stilicho de fersleine Alarik as bûnsmaat.
 
==De fjildslaggen yn Itaalje==
In skoftlang hâlde Alarik him restich. Mar doe't Eutropius yn it geheim kontakt mei him socht liet er him oerheljen mei syn hiele folk nei it westen te loeken. Yn 401 doe't it leger fan Stilicho op fjildtocht wie oan de Limes yn [[Panoonje]] seach Alarik kans [[Itaalje]] yn te fallen. Sûnder wjerstan koe hy oploeke en de stêd Milaan omsingeljen, de residensje fan de Keizer.
 
Stilicho makke in ein oan syn fjildtocht en fersterkte it leger mei kontigninten út [[Galje]] en [[Brittanje]]. Milaan waard ûntset en op [[6 april]] [[402]] troffen it Romeinske en Fisigoatyske leger inoar by [[Slach by Pollentia|Pollentia]]. Alarik ferlear de slach en moast him werom loeke nei de bergen fan Noricum en eastlik Raetia. Mar noch gjin jier letter hie Alarik syn leger alwer sadannich op sterkte dat er yn de simmer fan [[403]], wer in ynfal weage yn Itaalje. Krekt as foarhinne moete er it Romeinske leger fan Stilicho. Diskear fûn by [[Slach by Ferona|Ferona]] en opnij waard hy troch syn tsjinstanner ferslein. Mar ek dizze kear krige hy in frije ôftocht.
 
In ferklearing foar de riedselselachtiche hâlding fan Stilicho mei de Fisigoaten moat sjoen wurde yn de plannen dy't hy hie mei Alarik. Stilicho, dy't sels in [[Fandalen|Fandaaal]] wie, seach yn opstanniche Fisigoat in bûnsmaat yn syn moedsume relaasje mei de Romeinen. Yn dy tiid wie der in sterke natjonale streaming yn it Romeinske Ryk tsjin Germanen dy't hege funskjes beklaiden.
 
==It belis fan Rome==
Yn [[408]] waard Stilicho, de grutte tsjinstanner fan Alarik, troch Romeinen fermoare en ûntstie der reboelje yn Itaalje troch it leger. Alarik makke op snoade wize brukme fan de situaasje en luts foar de trede kear Itaalje yn. Noch itselde jier stie hy foar de poarten fan Rome.
 
==Dea==
Nei de plondering fan Rome luts Alarik nei it suden ta fan Itaalje. Der krige hy te krijen mei foedselkrapte en makke by de stêd [[Cosenza]], tariedingen om mei syn folk nei [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] oer te stekken. Mar noch foar hy dit plan útfiere koe wurden kaam er te ferstjerren. Alarik waard begrave yn in rivierbedding fan de Busento. Soldaten ferlegden de loop fan de rivier foar even, sadat syn lichim yn droechlizzende bedding begrave koe wurde.
 
==Literatuer==
*[[Hermann Schreiber]], ''De Goten, Vorsten en vazallen'', (1979).
 
 
 
[[Kategory:kening fan de Fisigoaten]]