Lânoanmakkerij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
kopke
 
Rigel 1:
'''Lânoanmakkerij''' of '''ûntginning''' is it yn kultuer bringen fan woestewoaste grûnengrûn ([[woast lân]]). Earst wurdt der gewoanwei foar drûchlizzing soarge. At soks needsaaklik is wurde der diken oanlein en folget de einlike ûntginning: it ferneatigjen fan de âlde fegetaasje, it sortearen fan profyllagen en egalisaasje fan minne ûndergrûn. As lêste it regelmjittich ferdielen fan de beskikbere goede grûn.
 
== Yn Fryslân ==
Fan âlds is der meast oanmakke op it sân ([[De Wâlden]]) en it fean ([[Lege Midden]] en lâns de Kompanjonsfearten. Nei ± [[1880]] waarden tûzenen bunders heide oanmakke en in grutte oerflakte feangrûnen, no de feanpolders. De oerflakte woaste grûn is dêrtroch ôfnomd, in diel is ek tige geskikt foar bebosking, natoerreservaar en rekreaasje. Sa skatte it Agrarysk Wolfeartsplan Fryslân dat yn 1957 noch sa'n 4500 bunder woaste grûn neamd wurde kin. it gie dan meast om woaste feangebieten petgatkompleksen út de âlde, min-ofte-mear wylde ferfeantingen yn de Stellingwerven, Haskerlân, It Hearrenfean en Dantumadiel. Foar de Fryske lânbou hat it oanmeitsjen dan net folle belang mear.