Louis de Funès: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FreyaSport (oerlis | bydragen)
+ynfoboks +tabel
FreyaSport (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
 
Rigel 14:
| prizen =
| webside =
}}'''Louis Germain David de Funès de Galarza''' ([[Courbevoie]], [[31 july]] [[1914]] - [[Nantes]], [[27 jannewaris]] [[1983]]), wiere namme '''Louis Germain David de Funès de Galarza''', wie in [[Frankryk|Frânsk]] [[akteur]], komyk [[regisseur]] en [[tekstskriuwer]] fan [[Spanje|Spaansk]] komôf.
 
Yn 'e [[Twadde Wrâldkriich]] wurke er as bar[[pianist]] yn in [[nachtklup]], wylst er oerdeis lessen oan in toanielskoalle folge. Dêr learde hy de akteur [[Daniel Gélin]] kennen, dy't der yn [[1945]] foar soarge dat Funès foar it earst in roltsje yn in film krige. De jierren dêrnei spile De Funès yn tsientallen films lytse, meastal ûnopfallende roltsjes. Tagelyk wurke er op it toaniel. Hy naam in bysûnder soad aktearwurk oan. Neffens syn soan trede er op ien dei soms yn trije ferskate toanielstikken op. Yn 1954 allinnich al spile er yn 18 films.