Noard-Fryslân Bûtendyks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ynfoboks
No edit summary
 
Rigel 22:
 
De hege seedyk is de grins tusken natuer en kultuer. Yndyksk leit it yn kultuer brochte boulân, oan de bûtenkant de simmerpolders, dy't meast as greide brûkt wurde, mei lânoanwinningswurken en riisdamen. Eartiids wienen dêr in soad dobben, mar dy binne by it yn kultuer bringen fan it lân tichtsmiten. Winterdeis binne de grutte kloften guozzen te finen, benammen de rotgoes en de paugoes. Ek smjunten sykje hjir massaal om fretten en rêst. By ôfgeand wetter ferspriede de fûgels har om yn it slyk iten te finen, by opgeand tij sammelje se har op de heechwetterflechtplakken.
 
Oan de râne fan it Noarderleech stiet op de dyk [[De Timpel fan Ids]], in stielen monumint yn de foarm fan in timpel, makke troch [[Ids Willemsma]]. It is yn 1993 ûntbleate as oantinken oan it ôfmeitsjen fan de dykferheging.
 
{{clear}}
<gallery>center>