Grutte Pier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Lebel: Al weromset
Rigel 42:
Pier Donia wie boer yn Kimswert mar syn pleats, de [[Osingastate (Kimswert)|Osingastate]], waard yn [[1515]] troch hiersoldaten fan de [[Swarte Heap]] platbaarnd. Mûglik is dêrby ek syn frou fermoarde. Troch dy oanfal ûntwikkele Pier him ta in fûl bestrider fan Saksyske en Hollânske besetters. Hy foarme tsjin de Swarte Heap in eigen binde, ûnder de namme fan de [[Arumer Swarte Heap]], en ûnder syn lieding operearre in kapersfloat, fan [[Makkum]] en [[Warkum]] út op de [[Sudersee]].
 
Oan Pier wurdewaard in reuseftich postuer en boppeminsklike krêften taskreaun. Oan Pier wurdt ek it [[tongbrekkerssechje]] "Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries" taskreaun. Pier soe dat brûkt hawwe om nei te gean oft de lju oan board fan de skippen wol Friezen wiene. Wie dat net it gefal dan soenen se kylhelle wêze en harren skip leechrôve.
 
== Leginden ==